Harmen Brouwer (Langwar) wint skûtsjesilen by Wâldsein, Sytze Brouwer twadde

Skipper Harmen Brouwer mei de earste priis yn Wâldsein © Martin de Jong Fotografie
It skûtsje fan Langwar mei skipper Harmen Brouwer hat moandei syn tredde dei-oerwinning yn it SKS-kampioenskip 2022 pakt. Brouwer bleau syn broer Sytze op It Hearrenfean krekt foar.
In gearfetting fan de SKS-wedstriid by Wâldsein
Pas flak foar de start makke de wedstriidkommisje in beslút oer de te silen rûte. Omdat de wyn in soad skifte, wie it dreech om te bepalen wat it bêst wie. It waard úteinlik in sânglês.
It skûtsje fan De Jouwer wie te betiid fuort en moast opnij. Earnewâld starte no net falsk, mar kaam wol tige min út de startblokken.

Langwar wer foaroan

Wa't wol goed fuort wie, wie de winner fan ôfrûne sneon: Harmen Brouwer fan Langwar. Al by de earste tonne hie dy in grut gat mei de konkurrinsje. De Lemmer kaam min út by dy tonne. De Lemsters mei skipper Albert Visser kamen efteryn it fjild telâne.
Dat in falske start noch net dramatysk hoecht te wêzen, liet it skûtsje fan De Jouwer sjen. De Jousters skoden sels yn ien rak op nei it tredde plak. Dêrefter die It Hearrenfean ek goede saken. Nei de start sieten sy yn de efterein, mar al fluch sylde it skûtsje nei foaren en lei it fjirde.

Brouwer en Brouwer op ien en twa

De striid om de kopposysje gie tusken Langwar en Huzum. It skûtsje fan Huzum mei Johannes Meeter kaam hieltyd mear yn de buert fan Langwar. De nûmers ien en twa fan it klassemint wienen ûndertusken ek mei-inoar oan it striden. Grou hie de bettere start, mar healwei de wedstriid gie De Lemmer de Grousters foarby.
Foaroan koe Langwar de oanfal fan Huzum ôfslaan en ek It Hearrenfean kaam Langwar net foarby. De Feansters sylden Huzum wol foarby en sa lei Harmen Brouwer op ien en Sytze Brouwer op twa.
Langwar koe it earste plak fêsthâlde oant de finish en sa pakte it skûtsje syn tredde dei-oerwinning. "Oh, wat binne we bliid", raast skipper Harmen Brouwer. "Wer in beare-start, dat dogge we de hiele wike al goed; prachtich!"
"Ik bin sa grutsk", giet Brouwer fierder. "We hawwe gewoan trije wedstriden wûn!"

Utslach SKS by Wâldsein (ûnder foarbehâld fan protesten)

Skûtsje Punten
1. Langwar 0,9
2. It Hearrenfean 2
3. Huzum 3
4. De Jouwer 4
5. Drachten 5
6. Earnewâld 6
7. Ljouwert 7
8. De Lemmer 8
9. Wâldsein 9
10. De Heale Moanne 10
11. Súdwesthoeke 11
12. Akkrum 12
13. Grou 13
14. Snits 14
Yn it klassemint ferstevige De Lemmer syn kopposysje. De Lemsters kamen as achtste oer de einstreek, mar Grou waard trettjinde en die it dus noch minder.

Klassemint nei Wâldsein

Skûtsje Punten Oflûk
1. De Lemmer 21 8
2. Grou 26,7 13
3. It Hearrenfean 33,9 10
4. Langwar 34,7 12
5. Snits 39 14
6. Earnewâld 41 14
7. Ljouwert 46 12
8. Huzum 50 14
9. Drachten 51 12
10. De Jouwer 52,9 14
11. Akkrum 59 13
12. De Heale Moanne 65 14
13. Wâldsein 72 14
14. Súdwesthoeke 73 14
Tiisdei ha de skippers wer in rêstdei. Woansdei is de earste fan twa wedstriden by De Lemmer.