VI meldt: Sai van Wermeskerken komt werom nei SC Cambuur

Sai van Wermeskerken komt werom nei SC Cambuur, dat meldt fuotbalsite VI. De 28-jierrige ferdigener komt oer fan PEC Zwolle dat yn de kompetysje degradearre.
De Ljouwerters sykje al langer nei fersterking foar de rjochtsbackposysje. Meardere klups toanden ynteresse foar Van Wermeskerken. By Cambuur treft er in soad âlde bekenden en dat joech foar him de trochslach. Van Wermeskerken spile tusken 2017 en 2019 yn Ljouwert.
Syn profkarriêre begûn er by FC Dordrecht.