Burgumer hofker ropt help fan selsplukkers yn by risping

Plukkers © Sparkberry
By hofker Sparkberry yn Burgum ha se de help ynroppen fan frijwillige plukkers om de risping te rêden. Ek yn de fruitsektor is it dreech om personiel te finen.
Earder wurken in soad Poalen by it bedriuw, mar dêr lûkt de ekonomy oan en troch de hege brânstofprizen is it minder oantreklik om hjir te kommen.
"De prijzen vanuit de groothandel zijn slecht en hierdoor kunnen we onze medewerkers alleen het minimumloon bieden. We willen ze graag meer loon bieden, maar die ruimte is er simpelweg niet", seit mei-eigener Henk Vonk.

Selsplukkers

Gewoanwei helje se mei sa'n 12 oant 15 minsken it fruit binnen, no binne dat der mar 5. Om it fruit net ferkomme te litten, binne selsplukkers wolkom. Op de earste dei kamen dêr al goed 100 minsken op ôf. "Mensen kunnen bij ons een emmer aanschaffen die ze voor een kleine prijs zelf kunnen vullen."
Oant sneon 22 augustus giet de aksje troch.