Man bliuwt langer fêstsitten foar belutsenheid by ôffaldumpingen op A7

Offal op de A7 by Fryske Peallen © ANP
De 32-jierrige man dy't ferline wike oanhâlden waard foar belutsenheid by de ôffaldumpingen op de A7, bliuwt langer fêstsitten. Dat hat it Iepenbier Ministearje moandei bekendmakke.
De man út Westerkwartier (Grinslân) wurdt fertocht fan brânstichting en it oertrêdzjen fan de wet miljeubehear. De plysje nimt de saak heech op yn ferbân mei de gefaarlike sitewaasje dy't ûntstie nei de dumping. It giet om de ôffaldumpingen by Marum en Fryske Peallen.
De ôffaldumping by Fryske Peallen wie yn de nacht fan woansdei 27 op tongersdei 28 july. In auto is dêr yn dy nacht ek op it dumpte ôffal botst.
It opromjen fan it ôffal by Fryske Peallen duorre lang: omdat Rykswettersteat dêr gjinien foar fine koe, bleaune de op- en ôfrit in grut part fan dy wike ticht.