In bruorrestriid foarop en in minne dei foar klassemintslieders: dit wie de SKS by Wâldsein

In gearfetting fan de SKS-wedstriid by Wâldsein
Langwar pakte syn tredde dei-oerwinning yn it SKS-kampioenskip. Skipper Harmen Brouwer wie út 'e skroeven en hy wie net de iennige Brouwer dy't bliid wie. Sytze Brouwer fan It Hearrenfean finishste as twadde.
Yn it klassemint hienen De Lemmer en Grou beide in minne dei. De Lemmer waard achtste en ferstevige syn kopposysje, want Grou kaam as trettjinde oer de einstreek.
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Yn dit artikel, mar ek op YouTube.
De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot. Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.