Meardere ynsidinten mei swimmers op It Amelân: "De zee is en blijft gevaarlijk"

Strân op It Amelân © Omrop Fryslân
De ôfrûne dagen ha in opfallend soad ynsidinten west mei swimmers op It Amelân. Dochs wiene de omstannichheden fan it wykein op it earste gesicht net gefaarlik of útsûnderlik.
Dat fertelt koördinator Cor de Jong fan de lifeguards fan de KNRM op It Amelân. "Er stond gewoon golfslag, dat is logisch. Maar dat levert niet direct gevaar op."
Djiptepunt wie it ferstjerren fan in âldere man, ôfrûne snein. Hy kaam by it swimmen yn 'e problemen by it strân fan Nes. "De man werd onwel en is onder water geraakt", neffens De Jong. "Er is nog geprobeerd hem te reanimeren, maar de man is gestorven."
In lifeguard op It Amelân © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Ek op sneon moasten meardere minsken út it wetter helle wurde. De measte gefaarlike situaasjes ûntstean neffens De Jong trochdat minsken bûten it ôfsette gebiet de see yn gean. Sy binne har faak te min bewust fan de gefaren yn it wetter. "De zee is en blijft heel gevaarlijk, vooral de Noordzee. Het is altijd oppassen geblazen."
By de lifeguards hakke ynsidinten lykas dy fan it ôfrûne wykein der wol yn. "Dat doet heel veel met zo'n groep. We hebben dit jaar ook veel eerstejaars lifeguards. Gisteravond hebben we met elkaar gezeten en heeft iedereen zijn eigen verhaal kunnen doen. Dat is belangrijk."

Foarútsjoch

Fanwegen de simmerfakânsje en it útsjoch op moai waar wurde ek dizze wike wer in soad swimmers ferwachte. Dochs makket De Jong him gjin soargen. "Dat komt allemaal goed. De vooruitzichten zijn mooi, met weinig wind. Ik voorzie geen grote problemen, maar je weet het nooit."