Swiere nacht foar evakuearre Wolvegeasters nei brân yn sintrum

Skea oan de achterkant fan it gebou © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Het is een zware nacht geweest voor de betrokkenen", seit loko-boargemaster Mariska Rikkers fan Weststellingwerf. Se waard oproppen doe't de brânwacht de brân yn it sintrum fan Wolvegea opskaalde nei GRIP 1.
Ferskate hûzen en in part fan in âldereinkompleks binne fannacht ûntromme fanwegen in grutte brân. Der wie ek eksploazjegefaar. De brân yn de snackbar ûntstie om 23.00 oere. Nei it sein 'brand meester' ûntstie in nije brân nei in gaslek. Om 5.00 oere wie de situaasje ûnder kontrôle.
Loko-boargemaster Mariska Rikkers oer de neisleep fan de brân yn Wolvegea
De skea oan de gebouwen is oerdeis goed te sjen, in grutte stielen balke is ferdraaid troch de hitte. Fan de snackbar is amper mear wat oer.
"Het is heftig om te zien. Gelukkig zijn er geen slachtoffers, maar de ondernemers zijn alles kwijt. We hebben vannacht het gemeentehuis opengesteld voor mensen die een plek zochten. Er waren zo'n 60 mensen en ook huisdieren zoals honden en katten."
De brân makke in soad yndruk. "Het was mooi om te zien dat mensen op elkaar pasten en op elkaar letten. Er was veel ontreddering en zorgen."
De brân yn Wolvegea © ProNews