Opnij tropysk waarm: ein dizze wike rjochting de 30 graden

Skiep yn drûch gerslân by de Ofslútdyk yn 2018, doe't it ek tige drûch wie © ANP
It bliuwt drûch en oan de ein fan de wike kinne we de tropyske 30 graden wer helje. Dat foarseit waarman Jan Jonkman.
It is in drûge simmer yn Fryslân en dat is net foar it earst de ôfrûne jierren. It delslachtekoart is noch net sa slim as lanlik, mar wol boppe it provinsjale trochsneed.
Dêr komt foarearst gjin feroaring yn. Moandei kin der in drip rein falle, neffens Jonkman, mar dat sil it lanlike wettertekoart noch lang net ferhelpe. "It wurdt allinnich mar drûger en drûger."
Yn Nederlân jildt sûnt ôfrûne woansdei offisjeel in wettertekoart. Dat is foar de fiifde kear dizze iuw, nei 2003, 2006, 2011 en 2018.
Moandei kin der dus in bytsje rein falle, de rest fan de wike liket it drûch te bliuwen, seit Jonkman. En dan wurdt it ek waarmer.
"Tiisdei draait de wyn nei it noardeasten ta, dan komt der ek waarmere lucht ús kant op. Der is dan in soad sinne, mei út en troch wat bewolking. De temperatuer rint op nei 24 of 25 graden."
Woansdei wurdt der noch mear waarmere lucht oanfierd en fan tongersdei ôf is der kâns op de tropyske 30 graden. "De sinne hat dan de hiele dei frij spul. De temperatuer sit om de 29 graden hinne, mar yn it súdeasten mooglik al 30."
"En freed draait de wyn noch mear nei it easten ta, dan helje we rûnom yn de provinsje de 30 graden."