Nije streekomrop foar noardwestlik Fryslân fan start: Omroep Zilt

Mei it hisen fan de flagge is moandei in nije streekomrop yn it noardwesten fan Fryslân presintearre: Omroep Zilt. Lokale omroppen Radio Eenhoorn, Omrop RSH en Omroep Lennard wolle mei-inoar de lokale sjoernalistyk nei in heger plan tille.
"We wolle in takomstbestindige omrop wêze", fertelt Eenhoorn- en RSH-foarsitter Tinus Boomstra. "Dat is radio, mar tsjintwurdich benammen ek nijs op de sosjale media."
Omroep Zilt is foarearst dan ek allinnich online te finen, fertelt haadredakteur Simen Hofman. "Op ús webside, de mobile apps, sosjale media en platfoarms as Spotify." Eenhoorn en RSH bliuwe beide te beharkjen op de radio.
Nije streekomrop foar Noardwest-Fryslân
It logo fan Omroep Zilt waard moandei ûntbleate by it replikaskip fan Willem Barentsz. "We ha ús flagge hjoed yn in stikje histoarje hongen", seit Hofman. "Mar we binne as regio yn ûntwikkeling. Dêr heart in nije, frisse streekomrop by."
En dat kin de regio wol brûke. De lokale sjoernalistyk makket swiere tiden troch, fertelt Boomstra. "De streekblêden ferdwine, der binne beheinde mooglikheden foar lokale organisaasjes om nijs kwyt te kinnen. Dêr kinne wy in grutte ferbinende rôle yn ha."
Neist Waadhoeke en Harns, komt der ek nijs fan Skylge en Flylân. "We hoopje op termyn dêr ek offisjeel lokale omrop te wurden", fertelt Boomstra.