Hûzen ûntromme nei grutte brân mei eksploazjegefaar yn Wolvegea

Grutte brân yn Wolvegea © ProNews
De brânwacht hat fannacht yn it sintrum fan Wolvegea ferskate hûzen en in part fan in âldereinkompleks ûntromme fanwegen in grutte brân. Der wie ek eksploazjegefaar. Om 5.00 oere wie de situaasje ûnder kontrôle.
De brân yn de snackbar ûntstie om 23.00 oere. Der wie doe al gjinien mear yn it gebou.
Twa oeren letter like de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle te hawwen, mar troch de brân wie ek in gaslek ûntstien.
Fanwege dy gaslekkaazje wie de brânwacht opholden mei neiblussen. Even letter sloegen de flammen opnij út it gebou. Dy flammen sloegen oer nei in oar pân.
Bylden fan de brân yn Wolvegea
Neffens de brânwacht wie der sprake fan eksploazjegefaar en grutskalige reekûntwikkeling. Omlizzende hûzen binne doe ûntromme. In wurdfierder fan de brânwacht sprekt fan 'in panikerige situaasje'. Yn guon gefallen leine de minsken op bêd.
De minsken waarden opfongen yn it gemeentehûs.
Dizze minsken moasten fannacht har hûs út:
Dizze minsken moasten har hûs út by in grutte brân yn Wolvegea
De brân bruts út op de ûnderste ferdjipping fan de snackbar yn it sintrum fan Wolvegea, en al gau stie de boppeferdjipping ek yn de brân. Der wie doe al net ien mear yn it gebou oanwêzich.
Flak foar 5.00 oere hie de brânwacht de situaasje wol ûnder kontrôle. De bewenners koenen doe ek wer nei hûs ta.
De oarsaak fan de brân is noch net bekend. De Veiligheidsregio Fryslân hat minsken yn de omkriten fan de brân warskôge om út de reek te bliuwen.
De brânwacht is noch oan it neiblussen. De foarljochter ferwachtet dat de Hoofdstraat Oost moandei noch in skoft ticht bliuwt.