Gjin revâns yn revânspartij: Steenstra-en-dy winne ek yn Wytmarsum

Tjisse Steenstra © Martin de Jong
Fjouwer dagen nei de PC is it partoer fan Tjisse Steenstra noch hieltyd yn topfoarm. De PC-winners pakten ek de priis op de saneamde 'revânspartij' yn Wytmarsum.
Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar wûnen yn de finale mei 5-1 6-6 fan Patrick van Dellen, Thomas Dijkstra en Steven Koster.
It is foar Steenstra-en-dy de tredde oerwinning op rige. In wike lyn al yn Arum, woansdei dus de PC en no wer.
Hielendal fris wienen de PC-winners net, moast Wassenaar tajaan. "Mar we hienen der wol wer nocht oan! Wy allegear wol. We genietsje even fan de eufory, mar op in gegeven momint wolle je lekker even balje."
It wie in moaie wike foar Wassenaar en syn maten. "We hoopje it hiele jier op dy PC-winst. As dat slagget, dan meie je der ek even fan genietsje. We ha wol wat hapjes en sapjes hân, dêr hoechst net oer yn te sitten."
Tjisse Steenstra waard yn Wytmarsum útroppen ta kening.
De tredde priis wie foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos, dy't der yn de heale finale mei 5-5 4-6 ôffleagen tsjin Patrick van Dellen.
PC-finalist Marten Bergsma kaam net fierder as de earste omloop. Mei Hendrik Kootstra en Menno van Zwieten gong er ûnderút tsjin it partoer fan Remmelt Bouma.

Sijbrandij yn foarm

De froulju keatsten ek yn Wytmarsum. Twa wiken lyn foar de Frouljus PC gie de winst nei Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Yn de finale fersloegen se Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Gerde Lycklama à Nijeholt mei 5-0 6-2.
De tredde priis wie foar Annet de Haan, Jeska Terpstra en Martzen Deinum.
Manon Scheepstra waard keninginne yn Wytmarsum © Martin de Jong Fotografie
Sijbrandij-en-dy troffen yn de earste omloop fuort harren grutste útdagers: Ilse Tuinenga, Louise Krol en Sjanet Wijnia. Dy partij gong mei 5-5 6-4 nei Sijbrandij.
Foar de PC-favoriten wie it yn Wytmarsum al har njoggende oerwinning.
Scheepstra waard útroppen ta keninginne.