Acht katten rêden by brân yn portykflat Drachten

© ProNews
By in brân yn in portykflat yn Drachten binne acht katten út de wenning helle. Dat meldt in fotograaf dy't it sjoen hat.
De brân hat koarte tiid útslaand west. Der wie in protte reek. Plysjeminsken ha wenningen yn de buert út foarsoarch ûntromme.
De bewenners soene yn sliep fallen wêze, wylst der noch in pantsje op it fjoer stie.
Sa waarden de katten út de wenning helle
De bewenners binne wekker wurden fan de reekmelders, en holpen troch minsken fan de ambulânse. Se ha reek ynazeme. Dat meldt de brânwacht. Dy hie it fjoer gau ûnder kontrôle.
Brânwachtminsken ha de katten út de wenning helle. Der sieten ek in tal kittens by. De bistjes soene der goed foar wei kaam wêze: se sieten yn in oare keamer achter in tichte doar.