Protest oer falske start Earnewâld ôfwiisd, útslach bliuwt stean

De bemanning fan Earnewâld heart fan ferslachjouwer Geartsje de Vries dat de start falsk wie © Martin de Jong
De SKS hat it protest oer de falske start fan Earnewâld ôfwiisd. De útslach fan de wedstriid op Ealahuzen bliuwt stean sa't dy wie.
Earnewâld hie protest yntsjinne tsjin de wedstriidkommisje fan Ealahuzen. It skûtsje kaam dêr as earste oer de finish, mar waard út de útslach helle, omdat der sprake wie fan in falske start.
Skipper en bemanning hiene de hiele wedstriid net yn de gaten dat se falsk starten wiene. Ek de nûmer twa, Grou, hie net sjoen dat Earnewâld te betiid oer de startline kaam wie.
Pas nei de finish kamen de skippers der achter, trochdat ferslachjouwer Geartsje de Vries it se fertelde.
Gerhard Pietersma wie woest doe't er oer de finish kaam, en Douwe Visser út de skroeven
De SKS hat no útspraak dien yn it protest dat Earnewâld yntsjinne hie tsjin de kommisje. Neffens de SKS stiet it fêst dat it boerd toand is dêr't mei oanjûn waard dat Earnewâld falsk starte. Boerd fjouwer: it startnûmer fan Earnewâld.
Dêrmei is it neffens de SKS dúdlik dat de kommisje de korrekte proseduere folge hat. It protest is ôfwiisd, en de útslach bliuwt sa't dy wie.

Utslach Ealahuzen

Skûtsje Punten
1. Grou 0,9
2. Akkrum 2
3. De Lemmer 3
4. Drachten 4
5. It Hearrenfean 5
6. De Heale Moanne 6
7. Súdwesthoeke 7
8. Snits 8
9. Wâldsein 9
10. Ljouwert 10
11. Langwar 11
12. De Jouwer 12
13. Huzum 13
14. Earnewâld 14
De earstfolgjende wedstriid yn de SKS is moandei op de Hegemermar by Wâldsein. De wedstriid is rjochtstreeks te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De útstjoering begjint om 13:45 oere mei in foarbeskôging.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside. Sjoch hjir foar alle útslaggen en klasseminten.