Foarsitter Freule bliid mei 35 partoeren en rekôr ferkochte kaarten

Yn 2021 wûn it partoer fan Tsjom de Freule © Henk Bootsma
Noch gjin wike lyn drige it in flinke domper te wurden: noch mar 25 partoeren hiene har opjûn foar de 120e Freule. Op it lêste momint binne dêr no tsien by kaam.
Foarsitter Tjeerd Dijkstra fan it bestjoer fan de Freule laket wer. "Hjir binne we tefreden mei", seit er. "Minder as tritich moatte it net wurde."
De Freule is de belangrykste keatswedstriid foar jonges: keatsers oant en mei 17 jier. It tal partoeren dat der oan meidocht, rint al jierren tebek. Foarich jier wie it djiptepunt. Doe wiene der ek 35 partoeren. "Dit is de nije werklikheid", seit Dijkstra.
It tal partoeren op de Freule sûnt 2000 (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Jonges dy't meidogge oan de Freule komme út foar harren eigen doarp. Alle doarpen kinne mar ien partoer ôffeardigje. "It is tradysje", leit Dijkstra út.

Bestjoer net unanym

As ien doarp meardere partoeren op de Freule ha mocht, soene der in stikmannich mear partoeren komme kinne. Dêr wurdt oer praat, seit Dijkstra.
"It is alle jierren wer in diskusje. Ik wol dêr no net op foarút rinne." Binnen it bestjoer fan de Freule binne de mieningen ferdield oer dit ûnderwerp.
Dronryp is in goed keatsdoarp, mei in grutte feriening. "Dy soene miskien wol trije partoeren ôffeardigje kinne.
Jorn Lars van Beem, Rutger Kumbangsila en Rick Minnesma fan Dronryp winne de Freule yn 2020 © Dijks Media
"Dan ha je kâns op in finale fan Dronryp tsjin Dronryp. Der binne minsken dy't dat net wolle", seit Dijkstra. "Dat is tsjin de tradysje."
Hy hopet net dat it tal partoeren fierder sakket. "We wolle net ûnder de 30, dan moat der wat gebeure."

Romte foar 2000 ekstra minsken

De 120e Freule is de earste yn trije jier dy't wer foar folle tribunes ferkeatst wurde kin. Toch it coronafirus wie der yn 2020 hielendal gjin publyk by. It wie al in wûnder dat it trochgean koe, in PC hat der dat jier net west.
Gjin publyk by de Freule fan 2020 © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn 2021 wiene der allinne mar sitplakken beskikber, om fersprieding fan it firus safolle mooglik foar te kommen. Dat skeelt sa'n 2000 steanplakken, seit Dijkstra.
Dit jier giet it dat it slydjaget mei de kaartferkeap, seit Dijkstra. "We ha noch noait safolle kaarten ferkocht yn de foarferkeap."
Yn tsjinstelling ta de PC wie it Freulepublyk wend om op de dei sels noch kaarten te keapjen. "Foarich jier wie dat oars, fanwege it coronafirus", seit Dijkstra. "Miskien dat dat noch spilet, yn de hollen fan de minsken"
De Freule is woansdei 10 augustus de hiele dei te folgjen by Omrop Fryslân op de radio en online.
Tiisdeitejûn is der op de radio in wiidweidige foarútblik yn it programma PC Kafee. Dat begjint om 18:00 oere.