Frou ferwûne by berôving mei geweld yn Ljouwert

© ANP
Yn Ljouwert is in frou ferwûne rekke by in berôving mei geweld. Dat meldt de plysje. De fertochte, in man, soe op in fyts útnaaid wêze.
Minsken dy't de man sjogge, wurde oproppen 112 te beljen. Neffens de plysje giet it om in wite man mei koart griis hier, in lichte spikerbroek en in griene polo. De man soe tusken de 40 en de 50 jier âld wêze.
De plysje is ek op syk nei minsken dy't tsjûge west ha fan it ynsidint. Dat wie oan de Johan Winklerwei yn de wyk Westeinde yn Ljouwert. Minsken dy't yn dy wyk wenje en kamerabylden ha, fan in foardoarkamera of sa, wurde ek oproppen om har te melden.
De frou is nei it sikehûs brocht. It is net dúdlik hoe't it mei har is.