Swiere lotting foar favoriten op 120e Freule: "Dreger koe net"

Jan Tymen Eisma (16) stie dit jier ek al op de PC © Dijks Media
It is in dreech blokje, foar de favorite partoeren fan Sint-Anne, Ljouwert, Hommerts-Jutryp en Frjentsjer. Se treffe mekoar yn de earste twa omlopen fan de Freule.
De Freule is de belangrykste keatswedstriid foar jonges: keatsers oant en mei 17 jier. Yn it lêste blok fan de lotting sitte fjouwer sterke partoeren.
Keatser Jan-Tymen Eisma (16) komt út foar Frjentsjer. In wike lyn keatste hy noch op de PC, as ynfaller yn it partoer fan Gert-Anne van der Bos. Dêr waard er tredde.
Op de PC waard Jan Tymen Eisma tredde mei Gert-Anne van der Bos en dy
De Freule is oars as de PC, seit Eisma tsjin it keatsbûn KNKB. "No wit ik seker dat ik keatse moat!" Hy tinkt dat it in swiere lotting is. "Dreger koe net."
Fan de fjouwer favorite partoeren is nei twa omlopen noch mar ien oer.

Lotting 120e Freule

1. Arum 2. Folsgeare
3. Achlum 4. Jobbegea
5. Grou 6. Boalsert
7. Winsum 8. Wytmarsum
9. Driezum 10. Dronryp
11. Eksmoarre 12. Reduzum
13. Bitgum 14. Lollum-Waaksens
15. Stiens 16. Wommels
17. Nijewier 18. It Hearrenfean
19. Marsum 20. Snits
21. Raerd 22. Balk
23. Makkum 24. Moarre-Ljussens
25. Harns 26. Seisbierrum
27. Spannum 28. Wiuwert-Britswert
29. Goaiïngea 30. Aldebiltsyl
31. Frjentsjer 32. Sint-Anne
33. Hommerts-Jutryp 34. Ljouwert
35. Reahûs-Turns
De Freule is woansdei 10 augustus de hiele dei te folgjen by Omrop Fryslân op de radio en online.
Tiisdeitejûn is der op de radio in wiidweidige foarútblik yn it programma PC Kafee. Dat begjint om 18:00 oere.