Pieter-Jan Postma is adviseur by Langwar: "De schipper mist overzicht"

Pieter-Jan Postma (mei pet) sit hielendal links-boppe, en hat sa mear oersjoch as skipper Harmen Brouwer dy't ûnder oan it helmhout sit © Martin de Jong
De skipper sjocht lang net alles. Dat seit topsiler Pieter-Jan Postma. Hy is adviseur op it Langwarder skûtsje fan skipper Harmen Brouwer.
"Harmen zit heel vaak onder. Hij kijkt naar de fok, maar dan heeft hij niet het overzicht", seit Postma. Dêrom hat de adviseur in grutte rol as it giet om de taktyk: hy kin it bêste sjen hoe't de wyn feroaret, en wannear't je draaie.
Pieter-Jan Postma (40) fan It Hearrenfean is as wedstriidsiler twa kear Nederlânsk kampioen wurden: ien kear yn de Laser- en ien kear yn de Finn-klasse.
Hy hat trije kear meidien oan de Olympyske Spelen. Syn bêste klassearring wie op de Spelen fan Londen. Dêr waard er fjirde. It brûns rûn er krekt mis troch in strafrûntsje yn de lêste wedstriid.
"Het is een lang gekoesterde droom om zo op de meren van Friesland te varen", seit Postma. "Dit is enorm genieten."
Pieter-Jan Postma stiet, de oaren sitte © Martin de Jong
Postma hat in belangrike rol oan board, seit ek de skipper, Harmen Brouwer. By de wedstriid op de Iselmar lei er op it twadde plak, mar by de lêste boppetonne koe er, troch in trúk fan Postma, de koprinner, Snits, foarby sile.
"Echt hegeskoalle-silen", sei Brouwer dêr doe oer. Troch net direkt nei de finish ta te stjoeren, mar it seil langer oan bakboard te hâlden, koe er it skûtsje fan Snits oan de kant twinge.
De trúk fan Postma: Snits en Langwar komme hiel ticht by mekoar
It wie in plan fan Postma, sei Brouwer. "Dit wie Pieter-Jan syn momint. Net te leauwen, dat wie moai!"
De heit fan Brouwer, Pieter Brouwer, hat sels jierrenlang skipper west op it skûtsje fan It Hearrenfean. Hy wie as analist yn de útstjoering fan Omrop Fryslân, en fûn it in prachtige manoeuvre.
Pieter Brouwer: "Je moatte ien ha dy't wit hoe't it moat"
"It is goed dat je dan ien oan board ha dy't wit hoe't it moat", seit Brouwer. "Harmen wit dat net. Ik wit dat ek net." Brouwer is trije kear kampioen wurden yn de SKS.
It giet hieltyd better, oan board fan Langwar, seit Pieter-Jan Postma. "Het afstemmen, het samenspel, dat was wel even wennen. Het had even tijd nodig, maar dit geeft vertrouwen naar de tweede helft van het kampioenschap."
De gearwurking tusken skipper en adviseur moat goed wêze, seit Postma. "Ik probeer zoveel mogelijk informatie te geven. Over de wind, dat er een vlaag komt, dan kan hij alvast gaan sturen. En over de slagen: of we voor- of achterlangs kunnen, of we door kunnen gaan. De tactiek."
In dream komt út foar Pieter-Jan Postma: "Echt grandioos"
Hoe bot oft skippers op de adviseur fertrouwe kinne, waard twa dagen earder dúdlik. Snits kaam doe as twadde oer de streek. Sa goed hie skipper Jappie Visser it noch nea dien. Hy hat koartlyn syn heit Douwe opfolge as skipper fan de Sneker Pan.
Nei ôfrin fan de wedstriid frege Geartsje de Vries oan skipper Visser wêr't er de winst pakt hie. "Om earlik te wêzen, ik ha gjin idee."
Jappie Visser hat gjin idee: "Ik ha allinne mar oan it stjoeren west"
"Ik ha allinne mar oan it stjoeren west. Ik ha in adviseur, en noch ien dy't der wol aardich doel oer hat. Dy fertelle my wêr't ik hinne moat, ik bin te bot oan it stjoeren."
De earstfolgjende wedstriid yn de SKS is moandei op de Hegemer Mar by Wâldsein. De wedstriid is rjochtstreeks te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje. De útstjoering begjint om 13:45 oere mei in foarbeskôging.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside. Sjoch hjir foar alle útslaggen en klasseminten.