Klaas Dankert as beskieden Bilkert: "'t Waar altiten teamwork, metnander"

Klaas Dankert © Omrop Fryslân, René Koster
"'t Gaat in de polityk te min over ôns welwezen en te feul over elektoraal gewin op korte termyn." Dat seit âld-politikus Klaas Dankert fan de PvdA.
De yntusken 80-jierrige Dankert is ien fan de simmergasten fan it Omrop Fryslân-radioprogramma Buro de Vries. Hy wie Partij van de Arbeid-riedslid yn Menameradiel, Steatelid en trije perioaden deputearre fan de provinsje Fryslân. Dêrnei wie hy fan 1989 oan 2003 boargemaster fan It Bilt.
It libbensferhaal fan Klaas Dankert
"Ik bin niet soa optimistys over de toekomst fan polityk en bestuur", seit Dankert earlik.
"'n Prot wat eerst in Amerika gebeurt, komt hier later ok. Dat sâgen wij eerder al met 't individualisme. Nou draait 't in de VS aigenlik alleen nag om sinten en populisme in plak fan 'gemeenskapssin.' Dat sien wij hier ok hyltyd meer, dat is och soa spitig. De Sociaal Democratie kin en mot 'n rôl speule om dat perses te keren. In samenwerking met -niet alleen- GroenLinks, maar ok met de SP."

Swarte Haan, ''t mooiste plakky fan Frysland'

It docht bliken dat mienskipssin de reade tried is yn it libben fan Klaas Dankert, dy't by in moeting op Swarte Haan syn libbensferhaal fertelt. Swarte Haan wie foar Dankert in logysk plak om ôf te praten. "t Mooiste plakky fan Frysland en kinmerkend foor 't Bildt."
Klaas Dankert op argyfbyld út 1999 © Omrop Fryslân
It ropt ek oantinkens op oan syn tiid as skoaljonge. "Wij gongen der as jonges hine om te swimmen, 'n handdoek ônder de snelbiner en na de tiid ôfspoele in 't kanaal."

Gjin boer wurden

Mar ek dat er as boeresoan mei helpe moast om de de balstjurrige hokkelingen op de bûtendykse grûn te krijen. "Met drie annander fast, dan houden se nander ok wat in bedwang."
Dochs wie hy net echt foarbestimd om boer te wurden. Heit Dankert gie fierder mei syn bedriuw yn de Noardeastpolder en Klaas seach al gau dat soks in iensum bestean wie. "Ik hew ândere mînsen en wat reuring om mij hine noadig."
'Buro de Vries' siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
De libbensferhalen wurde sneins om 12.00 oere op de radio ferteld. It folsleine petear is ek as podcast werom te harkjen: hjir of yn dyn podcastapp.
Mei in oplieding oan de hegere lânbouskoalle kaam er al yn de perifery fan de lânbou oan it wurk. Earst by de ûnderlinge boerefersekering en letter yn de lânboufoarljochting.

Net oan de kant stean bliuwe

Polityk aktyf waard Dankert doe't er yn Marsum wenne. Drok yn lokale bestjoeren, wêrûnder it doarpsbelang, ûntduts Dankert dat de besluten yn de polityk en it bestjoer naam wurde. "At je infloed hewwe wille, motte je d'r bij weze."
Benammen syn wurk foar de Kommisje Lûdshinder yn it doarp hat dêr in wichtige rol by spile. "Ik sâg dat d'r bij de flygbasis Luwt feul minder maatregels teugen geluudshinder waren as in Soesterberg. Dat kon dochs niet? Dat hewwe wij doe ankaart met die kommissy en doe is d'r ok bij ôns 't noadige deen. Maar at je je niet hore late, blyft soks út."
Klaas Dankert op argyfbyld út 2000 © Omrop Fryslân
Dat Klaas Dankert net oan de kant stean bleau, mar him op meardere plakken ynsetten hat foar de mienskip, wie gjin tafal. Fan thús út hie hy dúdlik meikrigen dat it in ferantwurdlikens fan elts is om oan de mienskip mei te bouwen.

Stappen sette as deputearre

Nei syn yntree yn de provinsjale polityk waard hy al gau deputearre mei de portefúlje Ferkear & Wettersteat. Oer syn bydrage oan de ûntjouwings op dat mêd is Dankert beskieden.
Klaas Dankert op argyfbyld © Omrop Fryslân
"'t Waar altiten teamwork, je doen soks metnander. Maar ik fyn 't al mooi dat wij groate stappen set hewwe op 't gebied fan de ferkeersfailighyd en dat d'r meer omdinken kwam foor 't unike Waddengebied."
Klaas Dankert
Ek as âld-boargemaster wol er net wize op saken dy't ûnder syn bewâld ta stân kaam binne. "Alles denen wij der ok metnander, konstruktyf en in 'n goeie sfeer."

Jabikspaad

My syn frou fytste Dankert ek it Jabikspaad nei Santiago de Compostella. Mei Sint-Jabik as startplak. En dat is it trouwens sûnt dy tiid foar hieltyd mear minsken. De tocht fûn hy hiel bysûnder, mar sjocht er net as in reis fan besinning of as in 'mystike' ûnderfining.
Klaas Dankert op argyfbyld út 2008 © Omrop Fryslân
Miskien is Dankert dêrfoar ek wol te folle in 'nuchtere Bilkert'. Dat Biltsk-eigene is sterk woartele yn Dankert. Noch altyd makket hy him dêr sterk foar mei in eigen webside en in programma by de lokale omrop.
Hoe mooi de steun fan de gemeente en ândere organisasys ok is, 't blyft 'n kwessy fan de Bilkerts sels. At sij de taal niet meer brúkke, hout 't op.
Klaas Dankert
Hy fynt it spitich dat de taal op de skoalpleinen eins net mear heard wurdt. "Hoe mooi de steun fan de gemeente en ândere organisasys ok is, 't blyft 'n kwessy fan de Bilkerts sels. At sij de taal niet meer brúkke, hout 't op."
Klaas Dankert op argyfbyld út 2013 © Omrop Fryslân
Sels is Dankert trijetalich grutbrocht, thús Frysk en Biltsk, Hollânsk op skoalle. "Der bin ik och soa wiis met. En ik hoorde dat 't helpt teugen demintsy, derom bin ik der dubbel blij met."