Boargemaster grutsk op 75ste Konkoers Hippyk Riis: "It giet hjir mei-inoar"

© Fred Veenstra
Foar de 75ste kear waard sneon it Konkoers Hippyk Riis holden, steefêst op de earste sneon yn augustus. De organisaasje hat twa jier wachtsje moatten op de jubileumedysje.
Oant 17.30 oere hie de Konkoers in grôtfol programma mei hynders dy't it yn allerhanne klassen, kampioenskippen en shows tsjin inoar opnamen.
"Dit is in hiel wichtich evenemint foar de gemeente", seit boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren. "Je sjogge dat út it hiele lân minsken nei dit konkoers komme. It jout nammebekendheid en ynkomsten, minsken ferbliuwe hjir."

De skouders derûnder

As boargemaster seach hy mei grutskens nei de frijwilligers dy't it mooglik meitsje. "It is moai om te sjen hoe't de minsken de skouders derûnder sette. Ik bin hjir no foar de fiifde kear, eltse kear bin ik wer ûnder de yndruk fan al dy minsken yn blauwe T-shirts. It ferrint goed, sûnder de ynset fan helptsjinsten. It giet hjir mei-inoar."
Ferslachjouwer Hijlko Broersma en boargemaster Fred Veenstra yn Riis
De skiednis fan it Konkoers Hippyk giet werom nei 1945, doe't nei de Befrijing wedstriden holden waarden. Dat foldie sa dat yn 1946 de 'Paardensportvereniging Koudum en Omstreken' oprjochte waard. Yn 't earstoan waard der yn Koudum riden, mar yn 1964 ferhuze it Konkoers Hippyk nei Riis.
It groeide út ta in ferneamd evenemint yn de Súdwesthoeke. Yn 1961 mocht it konkoers it earste kampioenskip útskriuwe. Dêr binne de wedstriden yn de rin fan de jierren op ferskate lokaasjes holden. Dit jier is it evenemint by de Manege Gaasterland yn Harich.

Mijl van Rijs

Dit jier waard foar de lêste kear de saneamde 'Mijl van Rijs' hâlden, in race dy't betocht is troch de ferstoarne keunstner Evert van Hemert. "Dat is tsien jier lyn begûn. Dan geane der út namme fan de alve stêden alve ruters op in Frysk hynder om it parkoers hinne om te sjen wa't de rapste is."
De wikseltrofee stiet in jier lang op it stedhûs fan de gemeente dy't wint, leit de boargemaster út. "Wy dogge dat foar de lêste kear en dêrom binne hjir ek in tal kollega-bestjoerders fan oare Alvestêdegemeenten, om te sjen wa't wint." De priis gie sneon nei de stêd Snits.