Helptsjinsten rêde drinkeling út Noardsee boppe It Amelân

© AS Media
Helptsjinsten binne manmachtich útriden nei it Noardseestrân fan It Amelân by Nes, nei in melding fan in drinkeling.
It slachtoffer is fûn en koe mei in helikopter nei it sikehûs fan Ljouwert brocht wurde.
De melding kaam sneontejûn om sân oere hinne. De ynset fan de helptsjinsten luts in protte oandacht fan eilanners en toeristen op it strân.
It is net dúdlik hoe't it slachtoffer der oan ta is.