Fierste sprong nei in Goudse op de Nasjonale Fierljep Manifestaasje

Rian Baas fan Gouda © Martin de Jong
Yn de finale fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje strieden de bêste ljeppers tsjin inoar foar de fiif haadprizen. De wedstriid jildt as it offisjeuze Iepen NK Fierljeppen.
Rian Baas fan Gouda einige mei in sprong fan leafst 21.69 meter op it earste plak by de senioaren. Dat is in skânsrekôr, fierder as de 21.64 meter dy't Bart Helmholt oait opskriuwe koe. Foar Baas wie it net iens in persoanlik rekôr, want earder dit seizoen ljepte er leafst 21.95 meter.
"Ik was al een keer Nederlands- en Hollands kampioen, maar deze ontbrak nog op mijn lijstje. Ik ben blij dat het gelukt is. Dat het met zo'n groot verschil gelukt is, daar ben ik dankbaar voor", seit Baas.
Ynterviews mei de winners fan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje
Ysbrand Galama fan It Heidenskip wie mei 20.56 meter in goede twadde, dit wie fuortendaalks syn fierste seizoenssprong oant no ta. Tredde waard Erwin Timmerarends út Bodegraven mei 20.50 meter.

Fryske froulju

By de froulju kaam Marrit van der Wal fan It Heidenskip mei 16.31 meter op it earste plak te stean. Dêrnei folgen Sigrid Bokma (15,64 meter) en Femke Brouwer (15.56 meter), fuortendaalks in persoanlik rekôr foar Brouwer.
Reinier Overbeek fan Benschop ljepte mei 20.30 meter nei it earste plak by de junioaren. Hy waard folge troch Germ Terpstra fan Tsjom, dy't mei 19.38 meter in persoanlik rekôr te pakken hie, en Hidde van Dam mei 19.26 meter.
© Martin de Jong
By de famkes gie de winst hiel ferrassend nei Berber de Vries fan Mantgum, dy't mei 15.16 meter fuortendaalks in persoanlik rekôr ljepte. Twadde waard titelferdigener Hanneke Westert (15.11 meter) en tredde Sanne Bouwstra (13.72 meter).
By de jonges waard it earste plak likegoed helle mei in persoanlik rekôr: Djurre de Jong fan Burgum ljepte 17.46 meter. Hy waard folge troch Auke Jan Jilderda (16.77 meter) en Karsten Klarenbeek (16.52 meter).