Trúk fan Pieter-Jan Postma smyt Langwar earste plak op

Pieter-Jan Postma (achterop) by Langwar © Omrop Fryslân
It skûtsje fan Langwar hat de silerij by Starum wûn. De mannen fan Langwar wiene sa rap, dat Huzum noch hast in hiel rûtsjes sile moast doe't Langwar al oer de finish wie.
It is de twadde kear dit jier dat skipper Harmen Brouwer mei Langwar in wedstriid wint.

Oanfarring

Langwar wie mei Snits as bêste út de start, en de beide skûtsjes ha de hiele wedstriid foarop lein. It fenyn siet yn de sturt.
Oan de ein fan de wedstriid kamen de beide koprinners mei mekoar yn oanfarring. Langwar draaide foar Snits, en dêrnei rekken de skippen mekoar.
De skûtsjes fan Snits en Langwar klappe by mekoar op
Langwar lei oer bakboard, op it momint fan de oanfarring. Dan soene je foarrang ha. Mar in skipper mei net draaie as er net frij bliuwe kin fan in oar. Snits drige mei in reade flagge, mar skipper Jappie Visser sette it protest net troch.
"We komme mekoar de kommende wike wol wer tsjin", sei skipper Jappie Visser fan Snits. Syn heit Douwe, dy't as adviseur oan board wie, stiet der om bekend dat er leaver gjin protesten yntsjinnet. Douwe Visser is njoggen kear kampioen wurden fan de SKS.
It is "all in the game", seit Jappie Visser. "Bliksem Piebe, dit is wedstriidsilen."

Man oerboard

Earder op de dei wie der ek al in oanfarring. Yn it achterfjild kamen de skûtsjes fan Wâldsein en De Jouwer tsjin mekoar oan. Dat gong sa hurd, dat in bemanningslid fan De Jouwer oerboard sloech.
Bemanningslid oerboard by oanfarring: "Komt dit wol goed?"
Snits hat de hiele wedstriid op kop lein. Pas by de lêste boppetonne kaam Langwar der foarby. Dy beide skûtsjes leine doe sa'n ein foarút, dat Snits al lêst hie fan de útskiten wyn fan de skûtsjes dy't achteroan sylden.
Sa koe Langwar it skûtsje tusken Snits en de tonne draaie, en mei it seil oer bakboard sylde Langwar Snits fuort. Snits hie it seil al oer stjoerboard, en moast dus oan de kant foar Langwar.
De trúk fan Pieter-Jan Postma fan Langwar
Skipper Harmen Brouwer hie it sels net sa betocht, mar hy liet him stjoere troch syn adviseur. "Dit wie Pieter-Jan syn momint", sei Brouwer. "Dit wie super fan him, echt hegeskoalle-silen!"
Pieter-Jan Postma is Nederlânsk kampioen yn de Laser- en de Finn-klasse. Hy hat meardere kearen meidien oan de Olympyske Spelen, en sylt no as adviseur mei by Langwar.
It is de twadde oerwinning foar Langwar dit jier. En dat wylst Harmen Brouwer no debutearret as skipper. "It went net", seit Brouwer. "Dit is prachtich! Super!"

Utslach SKS by Starum nei protesten

Skûtsje Punten
1. Langwar 0,9
2. Snits 2
3. Ljouwert 3
4. De Lemmer 4
5. Grou 5
6. Akkrum 6
7. It Hearrenfean 7
8. Drachten 8
9. Earnewâld 9
10. De Heale Moanne 10
11. Huzum 11
12. Wâldsein 12
13. Súdwesthoeke (P) 14
14. De Jouwer (P) 14
De sjuery hat nei de wedstriid twa protesten behannele. Dat fan Wâldsein tsjin De Jouwer is takend, dêr wie dúdlik sprake fan in bakboard-stjoerboardsitewaasje. De Jouwer krijt dus 14 punten.
Oer it oare protest, fan De Heale Moanne tsjin de Súdwesthoeke, is moandei útspraak dien. Dat gie om in bakboard-stjoerboard sitewaasje yn it lêste krúsrak. De Heale Moanne is yn it gelyk steld, de Súdwesthoeke krijt ek 14 punten.

Klassemint

It klassemint is ek noch ûnder foarbehâld fan de protesten. Der rint ek noch in protest fan Earnewâld tsjin de wedstriidkommisje fan Ealahuzen.
Earnewâld kaam dêr as earste oer de finish, mar dat telde net mei omdat it skûtsje in falske start hie. Skipper Gerhard Pietersma fan Earnewâld seit dat de kommisje dat net goed oanjûn hat.

Klassemint nei útslach protesten

Skûtsje Punten Oflûk
1. De Lemmer 16 5
2. Grou 17,7 9
3. Snits 29 10
4. It Hearrenfean 31,9 10
5. Langwar 33,8 12
6. Earnewâld 35 14
7. Ljouwert 39 12
8. Drachten 46 12
9. Akkrum 47 13
10. Huzum 47 14
11. De Jouwer 48,9 14
12. De Heale Moanne 55 14
13. Súdwesthoeke 62 14
14. Wâldsein 63 14
Snein ha de skippers in rêstdei. Moandei wurdt der wer syld, dan by Wâldsein. De wedstriid begjint om 14:00 oere. Om 13:45 oere begjint op telefyzje de foarbeskôging.