Oanfarringen, man oerboard en hegeskoalle-silen: dit wie de SKS op Starum

Sjoch hjir nei de hichtepunten fan de wedstriid by Starum
It waaide minder hurd as in dei earder, mar it wie bepaald net minder spektakulêr. Meardere kearen kamen skûtsjes tsjin mekoar oan op de Iselmar by Starum. Der fleach sels in man oerboard. En it earste plak waard bepaald troch in 'hegeskoalle-manoeuvre' fan in adviseur.
De folsleine wedstriid werom sjen kin ek, op ús YouTube-pagina.
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân.
De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot. Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.