In poadium foar rolstoeltennis yn Snits: "Als je hard werkt, kom je ver"

Tom Egberinken Ruben Spaargaren © Omrop Fryslân, Andries Bakker
In beheining stiet in topsportkarriêre net yn de wei, dat is it boadskip fan rolstoeltennisser Tom Egberink fan Snits. Hy spile freed in spesjale demonstraasjepartij yn syn eigen wenplak.
Egberink gie de striid oan mei Ruben Spaargaren út Aalsmeer. Sy wiene der op útnûging fan tennisklup De Vliegende Bal. "Tom is myn buorman. Hy hat al aardich wat toernoaien spile oer de hiele wrâld. Ik tocht: hoe moai is it om him in poadium te jaan op ús toernoai", seit Jelle Tamminga fan de tennisferiening.
Egberink waard sûnder boppeskonk berne en beoefenet syn sport profesjoneel. Hy helle by de Paralympyske Spelen ferline jier in sulveren medalje.
Tom Egberink © Omrop Fryslân, Andries Bakker
De tennisser makke graach wat tiid frij foar De Vliegende Bal. Egberink: "Dit is een van de leukere dingen naast de wedstrijdcompetities: de sport promoten. En laten zien dat er meerdere mogelijkheden zijn voor kinderen die thuis zitten of voor mensen die een beperking hebben. Er zijn meer opties dan zielig thuis zitten."
Tom Egberink en Jelle Tamminga
In poadium foar rolstoeltennis yn Snits
Troch him sjen te litten hopet Egberink bern sjen te litten hoe fier't je komme kinne. "Ik denk dat er wel steeds meer aandacht voor komt. Kijk maar naar de Paralympics, die ik vorig jaar heb gespeeld. Hoeveel aandacht daarvoor is en hoeveel mensen je aanwakkert om toch te gaan kijken."
Als je hard werkt, erin gelooft en talent hebt, dan kom je ver.
Tom Egberink
Al hawwe je in beheining, je kinne it gewoan oant Wimbledon skoppe, seit er. "Het gaat niet vanzelf, het is heel hard werken. Ik heb veel tegenslagen gehad, mijn elleboog is inmiddels zes keer geopereerd. Maar inmiddels heb ik dat wel aan de kant kunnen zetten. Het zit er in. Nu ben ik inmiddels vierde van de wereld. Als je hard werkt, erin gelooft en talent hebt, dan kom je ver."