Gjin spûkridende boeren oanholden op A7, trekkers fan dyk helje wie wichtiger

© Noordernieuws
De plysje hat gjin minsken oanholden by de aksje wêrby't trekkers op de A7 spûkrieden. Want op it momint fan de aksje wie it wichtichste om de trekkers sa gau as mooglik fan de sneldyk te krijen.
De plysjeminsken hawwe de trekkers net steande holden doe't sy oan it spûkriden wiene, want dat soe allinne mar in gefaarliker situaasje opsmite, sa jout de plysje oan.
Neffens de plysje hiene de trekkers gjin kentekens. Der binne wol kamerabylden makke troch de dashcams yn de plysjeweinen en de bodycams op de klean fan de plysje. Dy bylden wurde sammele en bestudearre.
De plysje hat oanjûn fierder net te reagearjen fanwegen de gefoeligens fan de kwestje.