De merk fan nôt stiet ûnder druk, merke Fryske kwekers en ferwurkers

Jelte en George Pars © Omrop Fryslân, Andries Bakker
It is in goed jier foar it ferbouwen fan nôt, mar de konsumint moat mear betelje foar it einprodukt. Troch de oarloch yn Oekraïne stiet de merk ûnder druk, fernimme ek Fryske bedriuwen.
Ek it moalfabryk fan Royal Koopmans yn Ljouwert moat fan need de hegere kosten trochberekenje yn har produktprizen. "Dat moeten we op tijd doen, anders lopen we een groot risico", seit CEO Dirk Lodewijk. Benammen as it om tuskenprodukten en yngrediïnten giet.
Koopmans leveret oan bakkers en de itensyndustry. It bedriuw is net ôfhinklik fan Oekraynsk of Russysk nôt, want it grutste part wurdt yn Nederlân kocht. "Dat noem ik geen geluk, maar een kwestie van visie. Tien jaar geleden hebben we bewust ingezet op graan uit Nederland. We hebben er lang over gedaan om het geschikt te maken voor onze verwerking en recepturen."

Koopmans yn de 'Nedertarwe'

Op in nuvere wize komt it no allegearre byinoar, seit Lodewijk. Want it oerstappen nei Nederlânske leveransiers kaam mear út in kar foar duorsumens wei. 'Nedertarwe', sa neamt Koopmans it.
Koopmans yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
"Wij vonden het niet echt logisch om veel graan uit het buitenland te kopen, het naar Leeuwarden toe varen en vervolgens weer Europa in rijden", seit hy. Op dit stuit komt de measte nôt út Seelân wei. Yn Fryslân sitte wol in pear leveransiers, mar levering op de grutte skaal dy't Koopmans wol, koe hjir net.
Op dit stuit komt mear as de helte fan de nôt ús Nederlân wei en Koopmans wol dit jier noch nei 70 persint ta.
Elts sil wat wetter by de wyn dwaan moatte, jout Lodewijk oan. Ek de konsumint. "Het is onontkoombaar. Een bakker heeft niet alleen met hogere graan- en bloemprijzen, maar ook met hogere prijzen voor energie, transport en verpakkingsmiddelen te maken. Ook een bakker moet dat doorberekenen in z'n assortiment."
Dirk Lodewijk, CEO fan Koopmans yn Ljouwert
It bedriuw George Pars Graanhandel yn Sint-Jabik sit oan it begjin fan de skeakel en ferbout nôt. Troch it relatyf geunstige waar is de opbringst heger as oars en mei troch de Russyske ynfal yn Oekraïne lizze de prizen heger.
"De kwaliteit is echt goed, de opbringsten lizze wol 10 oant 15 persint heger as ferline jier", seit George Pars. "Dat komt benammen om't it seizoen stap foar stap ferrint. Ferline jier wie it wiet, no is it drûger, mar noch wol mei sa no en dan wat wetter. Dat makket stadige ôfriping, mei moai folle kerrels. Sa krije je in goede opbringst fan it fjild."
De manlju yn it lân © Omrop Fryslân, Andries Bakker
Pars fernimt wol dat de prizen bot op en del geane. "Benammen yn febrewaris giene de prizen hiel bot omheech, doe't de Russen Oekraïne yn foelen. Wy hawwe echt prizen fan 400 euro sjoen yn maart-april. Dat is ferskuorrend, dat hawwe wy noch nea earder meimakke." De prizen kamen wol 20 persint heger te lizzen.

Risiko's manage

It is wol posityf foar de ikkerbouwers, dy't wat mear foar har nôtgewaaksen krije. "Foar ús betsjut it benammen dat wy de risiko's goed manage moatte", seit Pars. "Je moatte de yn- en ferkeap goed op inoar ôfstimme. Je moatte net tefolle grutte posysjes nimme yn de merk en de boel goed yn de gaten hâlde."
Eigener George Pars fan Pars Graanhandel yn Sint-Jabik
De merk wurdt lykwols rekke, sjocht ek Pars. "De nôthannel is in wrâldmerk, dus wy farre op de wrâldpriis. De prizen komme gewoan yn de merk heger te lizzen. In ôfnimmer lykas in moalfabryk, in mingfoerfabryk of feehâlder, dy moat mear foar it produkt betelje."