De wynhoas naam alles mei de loft yn

Op 11 augustus 1972, no 50 jier lyn, rjochte in wynhoas in gaos oan op It Amelân. In soad minsken rekken ferwûne, fjouwer minsken kamen om it libben. In rekonstruksje fan dy dei yn de FryslânDOK 'Deadlike wynhoas.'
FryslânDOK 'Deadlike wynhoas - 50 jier nei de ramp op it Amelân':
Sneon 6 augustus NPO2 15.29 oere (werhelling 7 augustus 13.10 oere)
Snein 7 augustus Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Gaos op It Amelân yn 1972 © NOS
Tinten, caravans, in toiletgebou, alles waard meinommen de loft yn. Helikopters brochten de ferwûnen nei sikehûzen op de fêstewâl. It waard ien fan de grutste rêdingsoperaasjes yn de skiednis fan de SAR.
De camping út in helikopter wei © NOS
Sa'n swiere wynhoas komt net faak foar yn Nederlân. De waarsomstannichheden binne nijsgjirrich: hoe koe dit samar barre? En wie it tafal dat deselde camping yn 1992 nóchris te meitsjen krige mei in grutte wynhoas?
© NOS
Programmamakker Timo Jepkema socht minsken op dy't der by wienen. De wynhoas fan It Amelân wie yn Nederlân ien fan in seldsum swiere kategory.