Deputearre Fokkinga foarsichtich hoopfol nei earste petear stikstofbemiddeler

Deputearre Fokkinga yn juny foar in tal protestearjende boeren oer © ANP
Deputearre Klaas Fokkinga, dy't yn ús provinsje oer stikstof giet, sjocht by it lânsbestjoer foarsichtich beweging dêr't Fryslân mei fierder kin. Dat sei Fokkinga nei it petear tusken bemiddeler Johan Remkes en boere-organisaasjes.
It wie in earste, oriïntearjend petear, jout Fokkinga oan. Mar: "Der wie wat beweging by it kabinet wei, dus ik konkludearje dat de doar wer wat oansetten is. Dy doar moat noch fierder iepen, dat soe yn in ferfolchpetear barre moatte. Dy mooglikheid moatte je oangripe."
Dat it kabinet ree wêze soe om boeren wat yn 'e mjitte te kommen, hat Fokkinga sels ûnderfûn. "Tongersdei hat ús minister-presidint yn Fryslân west om mei in tal boeren te praten. Nei ôfrin fan dy besiten haw ik ek noch yn lyts komitee mei him prate kinnen."

Mooglikheden biede

Fokkinga hat de premier meijûn wat te dwaan oan de situaasje mei de PAS-melders, mar ek om nei de krityske deposysjewearde en it mjitten foar elts bedriuw te sjen. "Der is no in iepening bean troch it kabinet. Net in grutte iepening, mar yn in ferfolchpetear soe it bêst kinne dat der mear mooglikheden binne."
Deputearre Klaas Fokkinga
It betrouwen is wol beskamme, fynt Fokkinga. Under oare troch it kaartsje dat presintearre waard. "Wet- en regeljouwing moat oanpast wurde om guon saken flot te lûken, mar hoe't de lânbouminister in tal saken útfiere wol, is noch net dúdlik. Dy fisy op lânbou moat der sa gau as mooglik komme."