Nasjonale Fierljep Manifestaasje fiert 34e edysje mei 200 dielnimmers

Fierljepkommentator Freark Wijma © Martin de Jong Fotografie
De Nasjonale Fierljep Manifestaasje op It Heidenskip wurdt sjoen as it offisjeuze Iepen NK. Twahûndert dielnimmers út binnen- en bûtenlân hawwe har oanmeld. Fia kwalifikaasjeronden komme de bêste atleten sneontejûn om 19.00 oere yn de finale foar de fiif haadprizen.
De dielnimmers kinne har pleatse troch yn de foarrondes oer in drompelôfstân te ljeppen.
Oane Galama © Martin de Jong
Eltsenien dy't ris in echte wedstryd springe woe, koe him ynskriuwe om mei te dwaan oan de NFM. Moarns om 09.30 sette de begjinners en avonturiers útein. Dêr dogge 88 dielnimmers oan mei.
Middeis fan 13.00 ôf meie ek de wedstrydljeppers fan Fryslân (FLB) en Hollân (Polsstok Bond Holland) besykje harren te pleatsen foar de finale. Dat binne leafst 112 ljeppers. Wa't de drompelôfstân hellet, giet troch nei de finale. De finale is jûns om 19.00 oere.

Fjouwer finalesprongen

Yn de finale sit noch in seleksjemomint. Nei twa rondes bliuwe allinnich de sterkste 24 ljeppers oer foar noch twa finalesprongen. Dy 24 ljeppers (8 manlju, 4 froulju, 4 junioaren, 4 jonges en 4 famkes) geane dan de striid oan om de fiif NFM-titels.

Kânshawwers

Favoryt by de manlju is Rian Baas út Utrecht. Hy ljepte dit jier al 21,95 meter, de ien-nei fierste sprong ea. Ek Nederlânsk rekôrhâlder Jaco de Groot (22,21 meter) docht mei. Foar Fryslân binne de bruorren Galama en Rutger Piersma kânshawwer.
Sytse Bokma makke earder dit jier yndruk yn It Heidenskip mei in PR fan 21,13 meter. Outsider is âld-kampioen Bart Helmholt út Noardburgum. Helmholt hat noch altyd it skânsrekôr op It Heidenskip yn hannen (21,64 meter)
By de froulju binne Marrit van der Wal en Tessa Kramer favoryt. Van der Wal is titelferdigener en Kramer wûn yn 2018. Hanneke Westert is topfavoryt by de famkes. Sy ferbettere it Nederlânsk famkesrekôr dit seizoen al nei 16,78 meter.

Drompelôfstannen de kategory foar finalen NFM

Kategory Drompelôfstân
Manlju 18 meter
Froulju 15 meter
Junioaren 17 meter
Jonges 16 meter
Famkes 14 meter
De finalen fan de 34e NFM binne sneon live te folgjen by Omrop Fryslân fia in livestream. It kommentaar komt fan âld-ljepper Hendrik Murk Haanstra en sportferslachjouwer Freark Wijma. De livestream begjint om 19.00 oere.