Brânwachten koene troch nei in twadde grutte brân, yn in skuorre yn Aldetrine

© CAMJO media
Oan De Weeren yn Aldetrine hat yn de nacht fan freed op sneon in skuorre mei lânboumasinen yn 'e brân stien. It wie in grutte brân dêr't ferskate brânwachten foar útriden binne.
De bewenners fan de buorkerij wiene op it momint fan de brân net thús. Earder yn de nacht wie der in grutte brân by Aldeberkeap. Meardere brânwachten binne nei har wurk dêr trochriden nei Aldetrine. Sy hiene it fjoer úteinlik reedlik rap ûnder kontrôle.
Brânwachten koene troch nei in twadde grutte brân, yn in skuorre yn Aldetrine