Ald-reedrider Jesper Hospes no yn de SKS: "Ik koe gjin nee sizze"

It skûtsje Gerben van Manen fan It Hearrenfean © Martin de Jong Fotografie
Fan it iis nei it iepen wetter: âld-reedrider Jesper Hospes is alwer dwaande oan syn tredde SKS-kampioenskip. Mei it skûtsje fan It Hearrenfean stiet er nei ien wike silen op it tredde plak.
Hospes sette ein desimber in streek ûnder syn karriêre as aktyf reedrider. Hy giet fierder as coach, mar tagelyk is er dus dwaande mei de silerij. Al jierren sit er op it skûtsje fan skipper Sytze Brouwer.
Foar syn sylaventoeren by de SKS wie Hospes gjin wedstriidsiler. "Ik ha it eartiids leard, it hat yn myn opfieding sitten, mar dêr is it ek mei opholden", fertelt er.
Jesper Hospes docht foar de tredde kear mei oan de SKS op it skûtsje fan It Hearrenfean
Hy is doetiids dan ek tafallich by it skûtsjesilen rûgele: "It is sa kaam dat myn freondinne en de doetiidske freondinne fan Sytze (Brouwer, red.) mei inoar op trainingskamp wienen mei de reedrydploech, en sa bin ik mei rekke op fakânsje. No is dit myn tredde SKS alwer."
As Fries fynst de silerij moai of net moai. En ik fyn it machtich.
Jesper Hospes
Doe't Brouwer him frege as bemanningslid, hoegde er net lang nei te tinken. "Dêr koe ik gjin nee tsjin sizze. As Fries fine je dit moai of net moai. En ik fyn it machtich."

Gjin grutte ambysjes

Op it skûtsje Gerben van Manen fan It Hearrenfean is Hospes tredde man oan de fok. "Dus mei echt hurde wyn sit op boppe op it skip, en dan bin ik tredde man oan it skoat, en ek foardekker."
Jesper Hospes, hielendal rjochts op de boat, fiert de oerwinning by Earnewâld © Martin de Jong Fotografie
Mar hoewol't er it skûtsjesilen machtich fynt, hat er gjin grutte ambysjes. "Om fierder te groeien op it skûtsje, nee. Dit is myn plakje, dit fyn ik moai. Ik fyn it teamproses moai en fyn it moai om mei in groep nei elkoar te te groeien, mar ik hoech net earne oars te sitten, nee."
As âld-reedrider hat Hospes jierren as in echte topsporter libbe. Hoe wurket dat troch op it skûtsje? "As it in bytsje kin, jou ik dy mentaliteit troch. Mar ik wol net te bot myn stimpel drukke, ik lit it allegear wat gebeure hjir. Elkenien docht syn eigen ding en dêr wol ik net tusken sitte."