Spûkridende trekkers op A7 omsile plysjeblokkade: "Zeer gevaarlijke situatie"

© Noordernieuws
In groepke boeren hat freedtejûn foar in gefaarlike situaasje soarge troch te spûkriden op de A7. Mei trekkers rieden sy fan Tsjalbert yn 'e rjochting fan It Hearrenfean, mar dêr wie in plysjeblokkade.
De plysje hie mei mear as tsien ienheden in blokkade opset om se tsjin te hâlden. De boeren draaiden doe om en gienen in stikje spûkridend fierder. De trekkers binne doe troch de berm om in oare blokkade hinne riden en hawwe dêrnei om 23.00 oere hinne by De Tynje de dyk ferlitten.
Boeren mei trekkers op de A7
"Ze hebben echt een zeer gevaarlijke situatie gecreëerd", seit in plysjewurdfierder. Plysjeminsken hawwe net yn gefaar west. "Maar rijden met een trekker op snelweg is natuurlijk al gevaarlijk. En tegen het verkeer in des te meer."
Krekt oer de grins, by Marum, waard ek protestearre by de A7. Der wie rommel by de dyk dellein dat yn 'e brân stutsen wie. De brânwachten fan Oerterp en Marum binne útriden foar it fjoer. Ek by de N381 wiene der protestbrantsjes.

"Ik ha de hiele ploech oankommen sjoen"

Deputearre Klaas Fokkinga, dy't yn de provinsje Fryslân oer stikstof giet, kaam de aksje tafallich tsjin. "Ik haw it letterlik sjoen, want ik kaam werom fan de wedstriid tusken sc Hearrenfean en Sparta. Ik siet op dat momint oan de oare kant fan de wei en haw de hiele ploech oankommen sjoen."
"Nei oanlieding fan it petear dat de agraryske sektor mei Remkes hân hat, sei ien fan Farmers Defence Force dat de aksjes ferhurdzje sille. Ik toch echt efkes: soe dit dan in earste oanset wêze?", wie de earste gedachte fan Fokkinga.
Mar spûkride en in blokkade negearje moat net kinne, fynt er. "As bestjoer fine wy dochs dat dit net kin. Protestearje is prima, mar wol binnen de wet- en regeljouwing."