Brânwacht yn aksje foar tige grutte brân yn buorkerij Aldeberkeap, oantal keallen komt om

Brân yn Aldeberkeap © Noordernieuws
Der hat freedtejûn brân west yn in buorkerij oan de Oosterwoldseweg yn Aldeberkeap. De brânwacht hie opskaald nei 'tige grutte brân'.
De brân wie útslaand. "Der wienen hannen nedich", leit wurdfierder Jan Willem Zwart fan de brânwacht út. "De melding wie dat it om in pleats gie mei in lisboksstâl mei 100 kij."
De brânwacht wie mei meardere ienheden te plak. "Der wie sprake fan in panikerige situaasje: de keallen rûnen oer de dyk, minsken wienen yn panyk en se woenen graach dat de brânwacht it fjoer útmakke", seit Zwart. Om dat foar elkoar te krijen is der in 'grutwettertransport' kaam, om't der in hiel soad wetter nedich wie.
Yn de stâl dêr't de brân wie, stienen kealtsjes. Fan harren binne seker in stik of tsien omkaam. "In bistedokter hat der ek ien ôfmeitsje moatten", seit Zwart. Ek is der in kealtsje yn in sleat telâne kaam. De kij yn de oare stâlen wienen bot skrokken.
Hoe't de brân krekt ûntstien is, is net bekend. De brânwacht hie it fjoer fluch út, mar hat noch lang dwaande west mei neidwêstwurk.