Trynke Schuurmans beneamd as Panskipper: mear as tritich jier wichtich foar Snitswike

Trynke Schuurmans is Panskipper © Gemeente Súdwest-Fryslân
Se is al mear as tritich jier aktyf foar de Koninklijke Watersportvereniging Sneek (KWS) en dêrom is Trynke Schuurmans beneamd as Skipper yn de Oarder fan de Sneker Pan. Mei de ûnderskieding earet de KWS alle jierren in persoan dy't him of har ynset hat foar de sylsport en foar de Snitswike.
Schuurmans (65) hat sels noait in fanatyk wedstriidsiler west, mar se is al wol desennia in belutsen organisator fan wedstriden, wêrûnder nasjonale kampioenskippen en de Schuttevaerrace.
Yn 2015 waard se op 'e nij sekretaris fan de KWS. Dy funksje leit se takom jier del. "Se hat in tige lange steat fan tsjinst by de KWS en noch hieltyd is se as bestjoerslid en frijwilliger in wichtige spin yn it web fan de feriening", seit boargemaster Jannewietske de Vries fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Twadde frou as Panskipper

Yn 1991 waard Schuurmans sekretaris fan de seksje Wedstriidsilen fan de KWS. Se wie dêrmei de opfolger fan KWS-ikoan Reina Alberda-Zondervan, dy't yn 1992 de earste frou wie dy't as Panskipper beneamd waard. Schuurmans is no de twadde.
Nei de bestjoersperioade fan acht jier droech Schuurmans har taken oer, mar se bleau aktyf as lid fan it wedstriidkomitee, wêrfoar't se multyfunksjoneel ynsetber wie. Yn de Snitswike is se al jierren ferantwurdlik om de finish yn tsientallen ferskate klassen yn goede banen te lieden.
De gemeente Snits stelde de ûnderskieding yn 1954 yn. Sûnt 1966 heart by de ûnderskieding in koperen panne dêr't it stedswapen fan Snits yn ferwurke is.