Keatsers foarmje nije partoeren foar takom jier

Kees van der Schoot krijt in oar partoer © Dijks Media
Ferskate keatsers binne harren oan it formearjen foar takom seizoen. Der wurde meardere oare partoeren foarme.
Menno van Zwieten sil yn 2023 keatse mei Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar. Hy wurdt de opfolger fan Haye Jan Nicolay. Dy lêste hat him formearre mei Hessel Postma en Patrick Scheepstra.
Kees van der Schoot sil yn 2023 keatse mei Redmer Zaagemans en Laas Pieter van Straten. Mei wa't Bauke Triemstra keatse sil, is noch net dúdlik.
Remmelt Bouma giet de gearwurking oan mei Allard Hoekstra en Evert Pieter Tolsma. Ek Peter van Zuiden, Gerben de Boer en Rick Minnesma wurde in partoer. Jorn Lars van Beem en Kevin Jordi Hiemstra binne der noch net út wa't harren tredde maat wurdt. Dat wurdt óf Paul Dijkstra óf Youri de Groot.
De top-trije fan it haadklassepeloton bliuwt ek takom jier by elkoar. Dat binne de partoeren fan Gert-Anne van der Bos, Marten Bergsma en Tjisse Steenstra.

De partoeren foar takom jier

Keatser 1 Keatser 2 Keatser 3
Tjisse Steenstra Renze Hiemstra Hans Wassenaar
Marten Bergsma Dylan Drent Hendrik Kootstra
Gert-Anne van der Bos Taeke Triemstra Erwin Zijlstra
Menno van Zwieten Gabe-Jan van Popta Pieter Jan Leijenaar
Haye Jan Nicolay Hessel Postma Patrick Scheepstra
Kees van der Schoot Redmer Zaagemans Laas Pieter van Straten
Remmelt Bouma Allard Hoekstra Evert Pieter Tolsma
Peter van Zuiden Gerben de Boer Rick Minnesma
Jorn Lars van Beem Kevin Jordi Hiemstra Paul Dijkstra/Youri de Groot