'Simmer yn Fryslân': in skuorre fol jukeboxen en motors yn Ferwâlde

'Simmer yn Fryslân' sammelt guod yn Ferwâlde
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân binne we freed yn Ferwâlde. Ferslachjouwer Esther Dijkstra giet op besite by in bekende samler.
Lubbert sammelet jukeboxen en stasjonêre motors, wol in stik as sechstich hat hy dêrfan. Dat is begûn doe't hy ien fan pake krige en sa is it stadichoan útgroeid ta hobby. Lubbert hat der de romte wol foar, want se wenje op in pleats mei skuorre.
Lykas ferline jierren sil Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Moandei 8 augustus is Omrop Fryslân yn Jirnsum. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.