Stikstofbemiddeler Remkes: "Geen conclusies op basis van een kaartje"

Bemiddeler Johan Remkes nei ôfrin fan it earste stikstofoerlis © ANP
Der moat noch hiel wat barre om it fertrouwen tusken agrarysk Nederlân en de oerheid te ferbetterjen. Dat sei stikstofbemiddeler Johan Remkes freed nei ôfrin fan it earste ferkennende petear tusken in tal fan boere-organisaasje en in ôffurdiging fan it kabinet.
Neffens Remkes wie it in 'constructief gesprek', mar tagelyk bliuwt it wantrouwen fan beide kanten grut. Remkes stelt dat dat net allinnich mar mei de stikstofkrisis te krijen hat.

Remkes hat begryp foar ûnwissens

De stikstofbemiddeler konkludearret dat de problemen jierrenlang foarútskood binne. Hy seit it folslein begryplik te finen dat boeren grutte ûnwissens oer harren takomst fiele.
Dêrby helle hy spesifyk de situaasje fan de boeren op Skiermûntseach oan: "Boeren op Schiermonnikoog lazen dat ze onder allerlei regimes vielen, terwijl er al heel veel is gebeurd." Remkes hikkelet dêrby it kaartsje wêrop't fan elts gebiet oanjûn wurdt hoefolle oft de stikstofútstjit nei ûnderen moat.
Premier Mark Rutte hat ekskuzes makke foar dat kaartsje. Hy erkent dat de kaart laat hat ta 'grote verwarring' en 'misverstanden' ûnder boeren. Rutte hat tasein dat it kabinet de kommunikaasje ferbetterje sil.
Foarsitter Sjaak van der Tak fan boerebelange-organisaasje LTO sjocht nei it petear wol wat beweging yn it stikstofdossier, mar hy bliuwt skeptysk: "De bal ligt bij het kabinet. Dat moet het vertrouwen van onze boeren en tuinders herstellen."
Biologyske boer Siebe Klaas Bokma gie tongersdei yn petear mei premier Rutte
Caring Farmers, in biologyske boere-organisaasje, sjocht mei in posityf gefoel werom op it petear mei it kabinet en Remkes. Boer Siebe Klaas Bokma fan Smelbrêge is lid fan dy klup. Op tongersdei mocht hy ek oanskowe by it petear mei premier Mark Rutte yn Koudum.
"Ik tink om in tsjinlûd hearre te litten", seit Bokma. Hy sjocht mear yn it sykjen nei organyske oplossingen as nei technyske oplossingen. Op syn pleats op it eilân de Gouden Boaiem stiet de natuer sintraal.
Bokma hat der begryp foar dat guon organisaasjes net mear oanskowe wolle by it kabinet, mar sjocht sels mear yn it praten bliuwe. Hy hopet dan ek dat de petearen geande bliuwe. "Ik begryp bêst dat net alle boeren biologysk wurde kinne, mar it is wol in part fan de oplossing", seit Bokma.