Lêste etappe fan de kuierjende beammen fan Bosk, dêrnei nei de wenwiken

Beammen fan Bosk op it Aldehoustertsjerkhôf © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Fan de 1200 beammen fan it kuierjende bosk yn Ljouwert komme der earst hûndert oan it Fliet te stean. Sa'n twahûndert binne achterbleaun by de rûte del dy't de beammen ôflein hawwe. De rest wurdt opslein om letter in definityf plak yn en om de gemeente Ljouwert te krijen.
Dizze wike ferhúzje frijwilligers de beammen nei it lêste plak by de Aldehou. Bruno Doedens fan Bosk sjocht al werom op in slagge manifestaasje.
"Ik denk dat er iets in beweging is gezet. Er is door heel veel mensen ervaren wat het betekent dat je plekken echt groen maakt. Want het is nogal wat als je zoveel bomen op een plek zet. Dit ervaar je maar één keer, dat het helemaal verkeersluw en groen wordt, en zo verzacht. Dat geeft een fantastische verandering."
Lêste etappe fan de kuierjende beammen fan Bosk, dêrnei nei de wenwiken
Kafees en terrassen op de rûte fregen de organisaasje om de beammen stean te litten. Dat hawwe se hjir en dêr ek dien en dêrtroch ûntstiet in oare sfear, fynt Doedens.
"Het is te gek dat het allemaal gelukt is. Daarnaast is het een aanjager voor de verandering. Waar het om gaat, is dat de bomen willen zeggen: als wij kunnen wandelen, kunnen jullie veranderen. We moeten, en dat weten we ook allemaal wel, versneld naar een duurzame samenleving."

1600 beammen derby

Bosk hat laat ta noch mear ambysje by de gemeente Ljouwert, seit beammekoördinator Jorn Beerendonk. "We willen natuurlijk altijd meer groen hebben en bomen zijn daar een belangrijke factor in. We hebben dus het idee om, vooral in Leeuwarden-Oost, 1600 bomen te gaan planten in de komende jaren. Maar het kan wel tien jaar duren voordat het zo ver is."
De beammen fan Bosk krije in plak yn de wenwiken. De earste hûndert komme mei bak en al tydlik oan it Fliet. "Een aantal bomen komt op de stoep", seit Nico de Koning fan de wykferiening Vlietvaardig. "En ze komen op parkeerplekken die niet gebruikt kunnen worden, omdat ze te klein zijn of bij afvalcontainers. Op die manier wordt het Vliet wat groener gemaakt."
De wykferiening Vlietvaardig hopet dat mei de beammen oandacht komt foar it gruttere projekt om de feart fan eartiids werom te krijen.
De beammen op it Aldehoustertsjerkhôf steane der noch oant en mei nije wike snein. Dan wurdt mei muzyk en dûns ôfskied naam fan it kuierjende bosk fan Arcadia.