Skûtsje Earnewâld komt as earste oer de einstreek, mar wint net by Ealahuzen

It skûtsje fan Earnewâld op de Fluezen © Martin de Jong Fotografie
In útsûnderlike situaasje freed op de Fluezen by Ealahuzen. It skûtsje fan Earnewâld finishte as earste, mar waard net ôfsketten. It skûtsje makke nammentlik in falske start, mar starte net opnij. Grou kaam as twadde oer de einstreek en wie dêrmei de deiwinner.
De útslach is lykwols noch net definityf, want Earnewâld hat protestearre tsjin de wedstriidkommisje. Neffens de bemanning hawwe se nammentlik noch frege oft se falsk starten wienen, mar dêr krigen se fia de marifoan gjin antwurd op.
Ek klassemintslieder De Lemmer makke in falske start en moast werom nei de startline. Dat dienen sy, yn tsjinstelling ta Earnewâld, wol. Sadwaande die it skûtsje fan Earnewâld eins foar neat mei en krigen se 14 strafpunten oplein.
Gearfetting fan de SKS-wedstriid by Ealahuzen
Earnewâld, Grou en Langwar wienen de nûmers ien, twa en trije by de earste tonne. Troch de falske start fan Earnewâld gie Grou dus oan de lieding. De Grousters mei skipper Douwe Visser hienen tongersdei by Langwar ek al wûn.

Akkrum en De Lemmer foaryn

Der stie in aardige wyn oer de Fluezen en dat smiet in moaie silerij op. Langwar sakke wat ôf, wylst de Súdwesthoeke nei foaren ta skode. Earnewâld naam ûndertusken hieltyd mear ôfstân fan de konkurrinsje, mar troch harren falske start die dat der eins net sa bot ta.
Efter Earnewâld die Akkrum goeie saken. It skûtsje mei skipper Pieter Meeter makke in prachtige slach en gie sels Grou foarby. Sa kaam Akkrum firtueel efkes oan de lieding te lizzen.
Nei harren falske start lei De Lemmer mei Albert Visser hielendal efteroan, mar de klassemintslieder wie dwaande oan in ynhelrace. Se kamen sels op it tredde plak telâne.

"Amateuristysk gedoch"

Earnewâld kaam doe as earste oer de finish, mar it skûtsje waard net ôfsketten, ta grutte lilkens fan de bemanning. "We hawwe by de boei frege oft we werom moasten. Wat is dit foar amateuristysk gedoch? It is bespotlik", seit skipper Gerhard Pietersma.
Mei in marifoan hat it skûtsje meardere kearen besocht kontakt te lizzen mei it startskip, mar dat slagge net. Earnewâld is mei dit ferhaal nei de sjuery tagien en hat protest oantekene tsjin de wedstriidkommisje. Op basis fan de ferhalen fan de bemanning fan it skûtsje fan Earnewâld en de wedstriidkommissje komt de sjuery mei in advys.
Dêrmei stapt de sjuery nei it bestjoer fan de SKS. Dy nimt úteinlik in beslút, dat moat binnen twa dagen. It kin dus noch oant snein duorje foardat dúdlik is wat der út it protest komt.
Sa waard it skûtsje fan Grou de winner, Akkrum einige as twadde en De Lemmer tredde.

De útslach by Ealahuzen (ûnder foarbehâld)

Nûmer Skûtsje Punten
1. Grou 0,9
2. Akkrum 2
3. De Lemmer 3
4. Drachten 4
5. It Hearrenfean 5
6. De Heale Moanne 6
7. Súdwesthoeke 7
8. Snits 8
9. Wâldsein 9
10. Ljouwert 10
11. Langwar 11
12. De Jouwer 12
13. Huzum 13
14. Earnewâld 14
De Lemmer giet noch hieltyd oan kop yn it klassemint, mar Grou stiet der no noch mar 0,7 punt efter. De oare skûtsjes lizze dêr al aardich efter.

It klassemint nei seis wedstriden (ûnder foarbehâld)

Nûmer Skûtsje Punten Oflûk
1. De Lemmer 12 5
2. Grou 12,7 9
3. It Hearrenfean 24,9 10
4. Earnewâld 26 14
5. Snits 27 10
6. Langwar 32,9 12
7. De Jouwer 34,9 14
8. Ljouwert 36 12
9. Huzum 36 14
10. Drachten 38 12
11. Akkrum 41 13
12. De Heale Moanne 45 14
13. Súdwesthoeke 49 13
14. Wâldsein 51 14
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online fia dizze link. De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside. Sjoch hjir foar alle útslaggen en klasseminten.