Sinteklaas jout Skylge ferrassingsbesite
Sinteklaas jout in ferrassingsbesite oan Skylge
Sinteklaasmuzyk, pipernuten, skomkes en piten. Dat ferwachtsje je yn dizze tiid fan it jier net samar, mar dochs krige Skylge samar in besite fan Sinteklaas.
De ôfrûne twa jier wiene der yn novimber en desimber noch in soad coronamaatregels en dêrom woe de Sint no in ekstra besite dwaan. Op Camping Cupido kaam de Sint del om te sjen hoe't bern fakânsje fiere.