Sjoch hjir nei de gearfetting fan de sechsde wedstriid fan it SKS-kampioenskip

Gearfetting fan de SKS-wedstriid by Ealahuzen
In bizarre wedstriid freed op de Fluezen by Ealahuzen. It skûtsje fan Earnewâld kaam as earste oer de finish, mar wie net de deiwinner. It skûtsje hie in falske start, mar dat hie de bemanning sels net troch.
En dus gie de oerwinning op de Fluezen nei it skûtsje fan Grou. Alteast, sa't it no liket, want Earnewâld giet yn protest tsjin de wedstriidkommisje. In útslach wurdt op syn letst snein ferwachte.
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Yn dit artikel, mar ek op YouTube.
De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot. Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.