Fytspealtsjes soargje foar ûngelokken, fytsersbûn pleitet foar fuortheljen

Se binne in gefaar op de dyk: de reade mei wite pealtsjes op fytspaden. Se soene opfalle moatte, mar dochs kinne net alle fytsers se ûntwike. En dat soarget foar ûnfeilige situaasjes, iepen knibbels en brekkerij.
Alle fytspealtsjes moatte dêrom sa gau as mooglik fuort, fine Veilig Verkeer Nederland en de Fietsersbond. Se starte mei in kampanje om de pealtsjes yn kaart te bringen.
Fytspealtsjes moatte fuort, fynt it fytsersbûn
Yn Fryslân steane der nei skatting noch sa'n 1.000 fytspealtsjes. Ien dêrfan, op de fytsrûte lâns de Dokkumer Ie by Tergrêft, soarget ek foar problemen. Bewenner Jack Westra is dêr gauris tsjûge fan: "Se klappe der dan boppe-op. Dan binne se yn petear mei-inoar en komme se der te let achter dat der in pealtsje stiet en dan is it 'klaboem'. Dan lizze se oer de wrâld."
Mei in ferbândoaze besykje de dochters fan Westra de fytsers te helpen, mar der binne ek minsken mei de ambulânse ôffierd.
25 fytsdeaden yn it jier
Fytspealtsjes soargje derfoar dat bygelyks auto's net op it fytspaad komme kinne. Sa kinne gefaarlike situaasjes foarkommen wurde. Mar neffens it fytsersbûn barre der no mear ûngemakken mei de pealtsjes as dat se it feiliger meitsje foar fytsers.
Om in pealtsje hinne ride, liket makliker as it is, seit Kees Mourits fan de Fietsersbond Fryslân. "Mensen rijden in groepen, in het donker en vergeet niet dat ook veel fietsers een bepaalde vorm van een beperking hebben, hier rijden er ook veel 70+ers."

It fytspaad by Tergrêft is smel en it fytspealtsje foldocht neffens Mourits net oan de rjochtlinen. In ûngelok kin dan samar barre. Mourits seit dat der neffens in ûndersyk fan VeiligheidNL rûchwei 25 fytsdeaden en 500 swierferwûnen yn it jier falle troch fytspealtsjes yn Nederlân.
Sa gau as mooglik fuort
"Wat ons betreft moeten ze allemaal zo snel mogelijk weg", seit Mourits. Mei de kampanje wol it fytsersbûn minsken derfan bewust meitsje dat fytspealtsjes net de oplossing binne foar auto's op it fytspaad.
Mourits: "Het zijn vaak bekende auto's uit eigen omgeving die het gebied goed kennen. Spreek die mensen erop aan en als dat niet werkt, moeten ze gewoon bekeurd worden."
Hy docht dêrby ek in berop op de gemeenten om har ferantwurdlikheid hjiryn te nimmen. Neffens him hat de gemeente It Hearrenfean al 70 prosint fan de fytspealtsjes fuorthelle.