Earste fyftich Friezen faksinearre tsjin apepokkefirus

De GGD Fryslân is úteinset mei it faksinearjen tsjin it apepokkefirus. Oant no ta binne der fyftich minsken faksinearre. Hjoed wurde nochris tweintich ferwachte.
De earst groep dy't yninte wurdt, bestiet út manlju dy't seks hawwe mei oare manlju en dy't bekend binne by it Sintrum foar Seksuele Sûnens fan de GGD. Al mei al giet it om 300 persoanen dy't útnûge binne.
De faksinaasjes sille op syn minst twa moannen duorje. Dat hat der ek mei te krijen dat minsken in twadde prik helje moatte. De faksinaasje tsjin apepokken fynt plak op in geheime lokaasje, fanwegen privacy-oerwagings.
Yn Fryslân is oant no ta by seis minsken it apepokkefirus fêststeld.