Man oanholden foar ôffaldumpingen op A7

De plysje hat in man út de gemeente Westerkwartier (Grinslân) oanhâlden dy't fertocht wurdt foar belutsenheid by ôffaldumpingen op de A7 yn Fryslân en Grinslân.
De 32-jierrige man wurdt derfan fertocht dat er belutsen wie by it dumpen fan ôffal op de dyk by Fryske Peallen en by Marum.
De ôffaldumping by Fryske Peallen wie yn de nacht fan woansdei 27 op tongersdei 28 july. In auto is dêr yn dy nacht ek op it dumpte ôffal botst. By dat ûngelok rekke gjinien ferwûne.
Ek by Marum
Ut ûndersyk fan de resjerzje kaam de fertochte yn byld. De plysje fertinkt him der ek fan dat er belutsen west hat by ôffaldumpingen by Marum yn de nacht fan snein 31 july op moandei 1 augustus.
De plysje sil hjoed mei de fertochte yn petear, fertelt wurdfierder Thijs Damstra
By Marum siet tusken it ôffal ek asbest. Dêrfoar moast Rykswettersteat sels in spesjaal team ynskeakelje om it op te romjen.
It opromjen fan it ôffal by Fryske Peallen duorre ek lang: omdat Rykswettersteat dêr gjinien foar fine koe, bleaune de op- en ôfrit in grut part fan dy wike ticht.
De fertochte wurdt heard troch de plysje, it ûndersyk giet troch.