Boer Stokman: "Rutte hat wol tajûn dat dy kaart op syn Haachsk sein 'ruk' is"

Rutte en boer Arjan Stokman © ANP
Premier Mark Rutte wie tongersdei op besite by de buorkerij fan de famylje Stokman yn Koudum. Neffens boer Arjan Stokman wie it in goed petear. "Ik tink dat we him wol in bytsje entûsjasmearje koenen."
Rutte wie yn Koudum om te praten oer de stikstofplannen fan it kabinet. Freed sil Rutte mei stikstofbemiddeler Johan Remkes, de ministers Christianne van der Wal en Henk Staghouwer en in tal boere-organisaasjes yn petear oer dy plannen.

Flagge op 'e kop

By in protte boeren falt it oankundige stikstofbelied net goed, ek net by de famylje Stokman. Ut protest hawwe se in 'te keap-boerd' yn de tún set en de Nederlânske flagge hinget der op 'e kop.
De buorkerij stiet yn in 47-prosintgebiet. De stikstofútstjit moat dus mei 47 prosint nei ûnderen. Arjan Stokman fynt dat mar nuver. "Wy sitte hjir by in natuergebiet dat noch krekt taheakke is oan it kaartsje. Ek alle marren binne taheakke, dat is frjemd: dy meitsje hielendal gjin stikstof en dy binne ek net gefoelich."

"Kaartsje is 'ruk'"

De reduksjepersintaazjes binne fêstlein yn in kaartsje. "Rutte hat wol tajûn dat dy kaart op syn Haachsk sein 'ruk' is. Hy sei dat se dy kaart hiel ferkeard presintearre hienen. Dat fûn ik wol moai, dat er dat sei."
Dochs wol dat net sizze dat it probleem fluch oplost is. "Der is freed noch gjin útkomst, mar dat der wer prate wurdt, is wol in goede saak. Mar ik sjoch noch net in protte romte dat de plannen hielendal ynlutsen wurde. Der sille noch net hiele grutte feroaringen oankomme, dus de flagge giet noch net nei ûnderen."

'Ek oare oplossingen mooglik'

Stokman tinkt dat stikstof ek wol op in oare wize redusearre wurde kin. "It is frjemd ast in kaartsje makkest en seist: 'Dit is it, de provinsje sil it wol efkes útfiere'. Kinst ek sizze: 'Wy wolle graach stikstof redusearje, wa hat in idee en wa kin bewize dat it wurket?' Dan kinst de stikstof miskien wol redusearje mei in better resultaat."
Stokman hat dy ideeën yn it petear mei Rutte útwikselje kind. "Ik hoopje echt dat wy him ynspirearre hawwe. We sjogge der hiel posityf op werom. It wurdt freed noch net oplost, mar it wie goed om him entûsjast meitsje te kinnen."