Undersyk yn Noard-Nederlân: ien op de acht hâldt lange tiid klachten nei corona

Ien fan de dielnimmers oan it ûndersyk © NOS
Fan alle acht minsken dy't it coronafirus hân ha, hâldt ien noch moannen klachten. Dat docht bliken út ûndersyk fan it UMCG ûnder tsientûzenen ynwenners fan Fryslân, Grinslân en Drinte.
Hoe't it kin dat guon minsken noch jierren lêst ha fan it post-covidsyndroam (ek wol 'long covid') en oaren net, is net dúdlik. Dêr hopet it UMCG mei mear ûndersyk noch achter te kommen.
Yn alle gefallen hâldt dus 12,7 prosint fan alle coronapasjinten lange tiid klachten. "Het gaat met name om pijn op de borst, verlies van reuk en smaak, benauwdheid, vermoeidheid en spierpijn", seit ûndersykslieder Judith Rosmalen.

Lifelines

It UMCG docht al sûnt 2006 ûndersyk nei de sûnens fan minsken yn Noard-Nederlân. Yn maart 2020, in moanne nei de corona-útbraak yn Nederlân, stjoerde it UMCG foar it earst in fragelist oer corona nei dielnimmers oan it Lifelines-ûndersyk.
Ien fan de dielnimmers oan it ûndersyk © UMCG
Dat waard dêrnei geregeld op 'e nij dien: yn totaal 27 kear. De fragelisten binne yn trochsneed troch 35.000 minsken ynfolle, wat yn totaal delkomt op mear as 900.000 ynfolle listen.

Unyk foar de wrâld

"Door de herhaling en veelheid van de vragen hebben we nu een wereldwijd unieke verzameling gezondheidsdata voor onder andere dit onderzoek naar long covid", seit Rosmalen.
Mei alle data is der no folle mear bekend oer de sûnens fan Nederlanners foar, ûnder en nei in coronabesmetting, mar ek oer de gefolgen foar wolwêzen en it deistich funksjonearjen. Neffens de ûndersikers is de ynformaasje relevant foar belied en bettere soarch.

Op syk nei de oarsaak

In oplossing foar de klachten is der noch net. Yn ferfolchûndersyk wol it UMCG him rjochtsje op de oarsaken fan post-covid. Op basis fan de data besjocht it ûndersyksteam watfoar risikofaktoaren der binne foar post-covid.
"Lifelines biedt de mogelijkheid om in bloedmonsters van deelnemers op zoek te gaan naar eiwitten die duiden op orgaanschade of langdurige ontstekingen die zijn veroorzaakt door het coronavirus", meldt it UMCG. "De onderzoekers gaan ook extra metingen doen bij een deel van de mensen met langdurige klachten."
De resultaten fan it Lifelines-ûndersyk nei post-covid wurde hjoed publisearre yn it wittenskiplike tydskrift The Lancet.