Undersyk nei 'kongestjemanagement' yn Fryslân om elektrisiteitsprobleem op te lossen

Sinnepanielen oanlizze © ANP
Op hieltyd mear plakken op it elektrisiteitsnet foar it leverjen fan stroom oan grutferbrûkers is de maksimale kapasiteit berikt, makke netbehearder Liander bekend.
Dat betsjut dat der gjin nije oanslutings mear by kinne foar bygelyks bedriuwen, skoallen en sikehûzen. Dêrom sil Liander yn twa gebieten ûndersyk dwaan nei it mooglik tapassen fan kongestjemanagement: yn Makkum en Ryptsjerk.
Mei kongestjemanagement wurdt de romte op it elektrisiteitsnet sa ferdield dat safolle mooglik minsken der tagelyk gebrûk fan meitsje kinne. Wannear't de fraach nei stroom op in bepaald momint hiel heech is, kinne grutferbrûkers tsjin betelling tydlik minder elektrisiteit brûke en weromleverje, sadat der mear ferbrûkers tagelyk op it net kinne.

Netútwreiding nedich

Om it probleem mei it leverjen fan de stroom op te lossen is it nedich om it net swierder te meitsjen en út te wreidzjen, mar dat giet lang net rap genôch. Hieltyd mear minsken krije dêr lêst fan, bygelyks wannear't de stroom fan de sinnepanielen net weromlevere wurde kin. "Het kan ook gebeuren dat de lampen gaan flikkeren of dat je bijvoorbeeld je auto niet kan opladen", fertelt in wurdfierster fan Liander oan parseburo ANP.
Dêrneist hat Liander ek lêst fan tekoarten oan materialen, sa as chips, kabels, triedden en meters. "Uiteindelijk krijgt iedereen daar last van. Het begint steeds meer te rammelen en te schuren", seit de wurdfierster.