Premier Mark Rutte op besite by boer Stokman yn Koudum: "Belangrijk om begrip te hebben"

Rutte yn Koudum © Omrop Fryslân, Andries Bakker
Premier Mark Rutte hat fan 'e middei op besite west by de buorkerij fan de famylje Stokman yn Koudum. Rutte is dêr om te praten oer de stikstofplannen fan it kabinet.
Rutte docht dit oan foarjûn fan it earste petear oer de stikstofkrisis tusken bemiddeler Johan Remkes en in ôffurdiging fan boerebelange-organisaasje LTO dat freed plakhat. Ek Rutte en de belutsen ministers skowe oan by it petear. LTO sil in 'gezamenlijke boodschap' fan de agraryske sektor oerbringe.
De premier seach mei in goed gefoel werom op it petear yn Koudum. "Dit is een bedrijf dat heel gewetensvol geleid wordt. Er zijn grote zorgen in alle delen van het land, maar er zijn ook bijzondere omstandigheden in zo'n regio. Neem zuidoost-Fryslân, daar zijn andere problemen dan in zuidwest-Fryslân. Het is belangrijk om daar beter begrip voor te hebben."
Premier Mark Rutte yn Koudum
Al sûnt it momint dat de ministers Christianne van der Wal en Henk Staghouwer de plannen foar stikstofreduksje yn de agraryske sektor presintearren, is der ûnrêst by in protte boeren.
Guon hawwe fragen oer wat dit betsjut foar harren bedriuw. Oaren fine de doelen sawiesa fierstente te ambisjeus. Se tinke dat se net realistysk binne. Al ferskate kearen hawwe de boeren protestearre tsjin it stikstofbelied fan it kabinet. It hat noch net laat ta it werskriuwen fan de doelstellingen.

Belang fan de keten

"Ik kan geen zorgen wegnemen", seit Rutte. Dochs fynt hy wol dat petearen, lykas tongersdei yn Koudum, doel hawwe. "Het verdiept de kennis. Bijvoorbeeld over het belang dat boeren ook in de toekomst een sterke sector hebben en dat daarbij ook een goede boterham verdiend kan worden. En hoe belangrijk de hele keten daarbij is: wat doet de supermarkt? Wat doen anderen?"
Rutte woe noch net al te folle foarútsjen op it petear dat hy moarn hat mei Remkes en de boere-organisaasjes. "Alles wat ik vooraf ga vertellen, draagt niet bij aan het succes van het gesprek."

Duorsum wurkje

By buorkerij fan de famylje Stokman dêr't Rutte op besite wie, besykje se sa duorsum as mooglik te wurkjen. Sa hat it bedriuw in gearwurking mei technologyske bedriuwen om harren ynnovaasjes út te testen.
Fierder hat it bedriuw ûnder mear in spesjale flier yn de stâl, sadat der minder emisjes út de dongkelder nei boppen ta komme kinne. Ek is der dakisolaasje en fentilaasje yn de stâl. Sa leit de útstjit fan ammoniak leger.
Ferslachjouwer Andries Bakker yn petear mei de premier