'Uit de Schaduw' tema keunstrûte Iepen Stal Aldeberkeap

Werbûkt materiaal foar in keunstwurk fan Karin van der Molen yn it bosk © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Sa'n tsientûzen leafhawwers rinne dizze dagen wer de jierlikse keunstrûte troch Aldeberkeap. Iepen Stal is dit jier foar de 51e kear en it tema is 'Uit de Schaduw'.
Oan de trije kilometer lange rûte sjogge de besiker byldzjende keunst yn it lyts en ek grutter wurk op ferskillende lokaasjes. Yn it bosk, yn ateliers en yn it âld-feefoerfabryk CAV. It tema hat te krijen mei de coronapandemy, mar de keunstners hawwe it breder oppakt, sa leit foarsitter Peter Hiemstra út.
"Der binne keunstners dy't wurkje mei biodiversiteit. Dy fine dat dat mear foar it fuotljocht komme moat. Der binne keunstners dy't âlde brûkte dingen wer nij libben yn blaze troch dêr wer wat fan te meitsjen. En der is in keunstner dy't de hûd fan âlder wurdende minsken yn byld bringt."
'Uit de Schaduw' tema keunstrûte Iepen Stal
Tachtich nâlen fan Anneliet van Beelen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Hiemstra neamt de grutte portretten fan Annemarie Busscher, dy't yn de âld-feefoerfabryk CAV hingje, as foarbyld. Dêr is ek in bewegend meunster te sjen, dat makke is fan saneamd e-waste. It bist bestiet út resten fan kompjûters en keyboards, makke troch Marsja van der Ven.
Foarsitter Peter Hiemstra fan Open Stal
In bysûnder keunstwurk is ek de houten gasboarynstallaasje fan Arjen Boerstra. Dy hat syn eigen yngenieursburo delset op de Doevekamp yn it doarp. "Hy boarret dêr nei gas of sokssawat. Dat meie de minsken sels betinke", seit Hiemstra. "Oeral yn Fyslân sit gas, skynt it, mar we moatte net tefolle fan dy boarderij hawwe. Arjen docht it op syn eigen keunstsinnige wize. De ynstallaasje is fan hout, dus fier komt er net."
Houten gasboarynstallaasje fan Arjen Boerstra © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De keunstwurken fan yn totaal 37 keunstners fan Iepen Stal binne noch oant en mei 21 augustus te sjen.