Twadde dei-oerwinning foar Grou yn SKS-kampioenskip 2022

It skûtsje fan Grou © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
It skûtsje fan Grou mei skipper Douwe Visser hat de fyfde wedstriid fan it SKS-kampioenskip 2022 wûn. It is de twadde deititel foar de Grousters.
Yn Langwar waard der twa kear falsk starten, mar ek hjir wie trije kear skippersrjocht. It Jouster skûtsje mei Rinus de Jong kaam hiel goed út de start en gie as earste om de tonne.

Minne start klassemintslieder

Grou fan skipper Douwe Visser helle De Jouwer lykwols fluch yn en waard sa de nije koprinner. Ek Langwar, Snits en Huzum begûnen goed oan de wedstriid.
De skûtsjes mei de bêste start © Fotopersbureau Martin de Jong
Dat foel net te sizzen oer klassemintslieder De Lemmer. Dat skûtsje siet yn de middenmoat. Mar it kin altyd noch minder: Earnewâld, de nûmer twa fan it klassemint, hie in hiele minne dei. Op in bepaald stuit leinen se sels lêste.

Grou docht goede saken

Sa wie Grou yn elts gefal yn it klassemint de winner fan de dei en ek foar de dei-oerwinning seach it der al fluch goed út. De Grousters namen hieltyd mear ôfstân fan de konkurrinsje. De nûmers twa oant en mei fiif wie benammen tsjin elkoar oan it striden. It smiet in protest op fan Langwar tsjin Huzum.
Snits profitearre it meast. It skûtsje fan skipper Jappie Visser gie De Jouwer foarby en lei doe twadde. De wedstriid duorre foar de Snitsers lykwols net lang genôch om ek Grou noch foarby te gean.
Grou waard sa earste, Snits twadde en De Jouwer tredde.
In gearfetting fan de wedstriid by Langwar

De útslach fan de wedstriid by Langwar

Nûmer Skûtsje Punten
1. Grou 0,9
2. Snits 2
3. De Jouwer 3
4. Huzum 4
5. De Lemmer 5
6. Langwar 6
7. It Hearrenfean 7
8. Ljouwert 8
9. Akkrum 9
10. De Heale Moanne 10
11. Earnewâld 11
12. Drachten 12
13. Súdwesthoeke 13
14. Wâldsein 14
De Lemmer stiet noch hieltyd boppe-oan yn it klassemint. Grou is de nûmer twa en Earnewâld de nûmer trije.

It klassemint nei fiif wedstriden

Nûmer Skûtsje Punten Oflûk
1. De Lemmer 9 5
2. Grou 11,8 9
3. Earnewâld 15 11
4. Snits 19 10
5. It Hearrenfean 19,9 10
6. Langwar 21,9 12
7. De Jouwer 22,9 14
8. Huzum 23 14
9. Ljouwert 26 12
10. Drachten 34 12
11. Akkrum 39 13
12. De Heale Moanne 39 14
13. Súdwesthoeke 42 13
14. Wâldsein 42 14
De wedstriden fan de SKS binne twa wiken lang streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online fia dizze link. De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot.
Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside. Sjoch hjir foar alle útslaggen en klasseminten.